Taaltaske moat fuort

oktober 13, 2010 14:52

Fan it webloch fan Albertina Soepboer:

Troch de besunigingen moat it taaltaske fan de provinsje ferdwine. Dat is in tryste en ek ûnbegryplike saak. Wat is it taaltaske? It taaltaske krijst asto oanjefte dochst fan de berte fan dyn bern. It is in kado fan de provinsje oan har lytse nije ynwenner.

Ut ûnderfining wit ik dat dit taske fol sit mei nuttige saken.Sa binne der Tomke en syn freonen as fingerpopkes en mei in boekje derby sûnder taal. Foar wat grutter is der in twatalich koesboekje. En der is in dvd foar noch wat grutter. Mar like nuttich is de folder fan de provinsje oer meertalig opvoeden. Dêr stiet yn dat it goed foar bern is dat se mear talen leare.

Foar in protte minsken is dit har earste konkrete moeting mei it fenomeen meartaligens. De folder makket dúdlik dat se de kar hawwe yn hokker taal at se har bern grut bringe wolle yn frl en dat mear talen leare allinne mar goed is foar in bern. Fierder sit der noch in folder yn oer dat bern gratis lid wurde kinne fan de bieb. Mar de bieb, sa witte wy fan Geert Mak, wurdt al fuort besunige.

It taaltaske moat dus no ek ferdwine. De Ried foar de Fryske Beweging is dêr terjocht lilk oer. In minske moat fan it begjin ôf oan de mooglikheid krije om him te ûntjaan op in sa’n breed mooglike manier en yn alle frijheid, ek wat syn taal oanbelanget. Dat fan dy persoanlike frijheid is trouwens yn de praktyk foar de Ried nochal lêstich, want nei Doutzen Kroes stjoerden se net sa lang lyn dizze brief.

Mar hoe dan ek, it soe moai wêze dat in provinsje dy’t safolle jild yn autodiken en stjonkfabriken stoppet yn namme fan har takomst, it fatsoen hat takomstige bewenners te foarsjen fan basale ynformaasje oer taal yn har eigen provinsje.

oktober 13, 2010 14:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.