Stifting Nijkleaster toant plannen

oktober 22, 2010 15:04

Snein 31 oktober 2010 presintearret de stifting Nijkleaster syn plannen. Dat sil wêze om 14.00 oere yn it kafee Het Wapen van Baarderadeel yn Jorwert. It bestjoer achtet de tiid ryp om mei de plannen dy’t de ôfrûne jierren makke binne foar it projekt Nijkleaster – in protestantsk sintrum om út te pûsten en oaren te moetsjen – foar it ljocht te kommen. Der wurdt ek omtinken frege foar it projekt ‘In stien foar Nijkleaster’.
Nei ôfrin fan de presintaasje, om 16.00 oere hinne, sil de middei mei in fesper yn de tsjerke fan Jorwert ôfsletten wurde.

Mear ynformaasje is te finen op www.nijkleaster.nl

oktober 22, 2010 15:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.