Sina stipet Grykske ekonomy

oktober 2, 2010 18:22

PEKING – Sina sil Grykske steatsobligaasjes keapje sa gau as Grikelân weromkomt op ‘e beurs. Dat hat de Sineeske premier Wen Jiabao tasein. Wen wie fan ‘t wykein op besite yn Atene.

Hy sei dat Sina de ekonomy fan Grikelân en de oare lannen mei de euro as betelmiddel stypje wol. Grikelân wurdt op it stuit oerein holden troch de Europeeske Uny en it IMF. It lân wol takom jier weromkomme op ‘e beurs.

Wen sei fierders dat Sina fiif miljard dollar stekke wol yn de Grykske skipfeart en yn de haven fan Piraeus. Hy ûnthiet ek dat er Sineeske bedriuwen derta stimulearje sil en ynvestearje yn Grikelân.

oktober 2, 2010 18:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.