Rutte: wol in Sweed, gjin Turk

oktober 28, 2010 00:54

DE HAACH – In steatssekretaris mei de Sweedske nasjonaliteit is gjin probleem. Ien mei in Turkske pas kin dat wol wêze. Dat hat de nije premier Mark Rutte woansdei yn ‘e Twadde Keamer sein. Rutte lei út dat minsken mei in Turkske pas noch ûnder it Turkske erfrjocht falle en yn Turkije har tsjinstplicht ferfolje moatte. Dat kin in probleem wêze. Sweden bekroadet him, sa lei Rutte út, net om syn boargers om utens.

Rutte die syn útspraken nei oanlieding fan de moasje fan de PVV-fraksje, dy’t steatssekretaris Marlies Veldhuijzen van Zanten frege om har Sweedske nasjonaliteit oer te jaan. PVV-fraksjelieder Geert Wilders sei dat er it net iens wie mei Rutte: “Zweeds, Luxemburgs, van het koninkrijk Tonga of Marokko, wij zijn er op tegen.”

oktober 28, 2010 00:54
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.