PVV-skepsis by Europeeske liberalen

oktober 17, 2010 18:05

HELSINKY – De liberale fraksje ELDR yn it Europeesk Parlemint is der net wiis mei dat de VVD diel útmakket fan in regear dat de stipe fan Geert Wilders syn PVV nedich is. Dat die bliken op in kongres fan de ELDR yn Helsinky.

Annemie Neyts, de Flaamske foarsitter fan de ELDR, sei dat Mark Rutte mei dy konstruksje “in kar makke hat dy’t ik net meitsje soe”.

De Britske europarlemintariër Andrew Duff neamde Wilder “in gefaarlik mantsje” dat de islam konsekwint as kwea-aardich ôfskilderet. Hy sei fierder: “Wy binne der benaud foar dat it nije regear troch de stipekonstruksje Wilders en syn partij sterker makket. Wy sille de VVD helpe om dat te fermijen.”

De Nederlanner Hans van Baalen sei dat de VVD gjin oare kar hie as mei Wilders te regearjen. De D66-fraksje wie it dêr net mei iens, dy ferwiet de VVD dat er te begearich wie om in rjochts regear te foarmjen.

oktober 17, 2010 18:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.