Protest tsjin bibleteekslutings

oktober 25, 2010 10:00

DE HAACH – De koepelorganisaasje fan iepenbiere bibleteken VOB wol alle minsken mei in bibleteekpaske yn it gewear bringe. De VOB ropt harren op om te demonstrearjen tsjin de plende bibleteekslutings. Minsken moatte har gemeente oanskriuwe, maile of belje mei it boadskip dat de bibleteek bliuwe moat, sa seit de VOB.

De kommende jierren ferdwynt likernôch in treddepart fan de Nederlânske bibleteken. Dy wurde foar 90% troch de gemeenten betelle. De gemeenten krije folle minder jild fan it Ryk en kinne de bibleteken net mear betelje.

Der is op it stuit in soad ferlet fan bibleteken. De Nederlânske iepenbiere bibleteken hawwe der de lêste jierren hûnderttûzen abonnees by krigen. Troch de ekonomyske krisis namen in soad minsken in biblekteekabonnemint ynstee fan dat se boeken yn ‘e winkel kochten.

oktober 25, 2010 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.