Omrop Fryslân makket muzykhit

oktober 26, 2010 10:50

Omrop Fryslân is fan doel om in hit te meitsjen. Ferslachjouwer Roelof Lousma makket yn de mande mei Sipke de Boer in nij liet. Moandei hawwe se in tekst makke en no sykje se muzikanten om it lietsje yn te spyljen.

Yn it programma “It hitfabryk” wurdt it makke. Moandei giet it oer de tekst, tiisdei oer de meldij, woansdei oer de gearstalling fan de band, tongersdei wurdt it nije nûmer opnommen en freed besiket de presintator it nûmer op de radio te krijen. Der wurdt nei ta wurke dat it ferske ek op oare radiostasjons te beharkjen wêze sil. Omrop Fryslân jout ekstra omtinken oan de Fryske muzyk op ynternet, radio en televyzje.

oktober 26, 2010 10:50
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.