Nobelpriis foar Mario Vargas Llosa

oktober 7, 2010 23:56

STOCKHOLM – De Nobelpriis foar de literatuer is dit jier takend oan de Perûaanske skriuwer Mario Vargas Llosa (sjoch foto). Hy is de earste Peruaan dy’t de priis kriget.

Llosa jildt as in grut boekeleafhawwer. Neffens him kinne minsken har net op in nijsgjirrige manier ûntjaan as se net fan boeken hâlde. Hy is ien fan de populêrste skriuwers fan de Spaansktalige wrâld. Der binne gjin boeken fan him yn it Frysk oerset. Syn wurk is wol yn in Nederlânske oersetting te lêzen.

Llosa is in skerp kritikus fan diktators en hat it benammen op Hugo Chavez en Fidel Castro foarsjoen. Yn 1990 hat Llosa sels kandidearre foar it presidintskip fan Perû, mar hy waard doe net keazen.

oktober 7, 2010 23:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.