Neerlandiapriis foar Onze Taal

oktober 13, 2010 17:38

DE HAACH – It Genootschap Onze Taal hat de ‘Visser-Neerlandiaprijs’ foar kultuer wûn. De priis, in jildbedrach fan 12.500 euro, wurdt nije wike tiisdei oerlange. Dat hat de priisútdieler, it Algemeen-Nederlands Verbond (ANV), buorkundich makke.

Neffens it ANV hat Onze Taal de priis fertsjinne om’t it genoatskip sûnder wittenskiplike aspiraasjes it ûnderwerp ‘taal’ yn ‘e belangstelling hâldt en taalkundige ûnderwerpen tagonklik makket foar in breed publyk.

It genoatskip jout it tydskrift Onze Taal út, ynformearret op syn website alle dagen oer taalnijs en hat in taaladvystsjinst dêr’t minsken mei fragen oer de Nederlânske taal teplak kinne. It kin de priis goed brûke, mei’t it graach fia ynternet op mear manieren ynformaasje oer taal jaan wol.

oktober 13, 2010 17:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. the man oktober 13, 20:39

    Dat soene wy yn Fryslân ek hawwe moatte foar ús taal!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.