Koraalorkest HYMNE mei Judith Sportel

oktober 7, 2010 10:48

Koraalorkest “Hymne” jout snein 17 okt. om 15.30 oere

yn de Martinitsjerke fan Boalsert

 in konsert mei de fan radio en televyzje ferneamde sopraan Judith Sportel. 

 Under lieding fan dirigint Jan Brens sil hja mei “Hymne” en it solistekoar “Fries Mannen Ensemble” bekende klassike en geastlike wurken sjonge.

Ferline jier wie der in protte wurdearring foar it optreden fan Hymne mei it Warkumer manljuskoar yn in folle Martinitsjerke. Hymne set de jonge tradysje yn Boalsert troch mei in fergees konsert fan sjongen en muzyk yn dizze prachtige klankfolle tsjerke. Dat moat wol slagje mei in soliste as Judith Sportel.

Judith Sportel studearre klassike sang oan it konservatoarium fan Swol. Al yn ‘e tiid fan har stúdzje die se solistysk wurk by ferskate koaren. Hja waard lanlik bekend troch it TV-programma “Nederland Zingt”. Hja hat toernees makke troch Dútslân en optredens yn Londen, Parys en Praach. Judith giet njonken it klassike it “lichte”  sjenre net út ‘e wei.

As alsidich fokaliste hat se ek de wei nei it teaterpoadium fûn mei opera-, operette- en musical-repertoire. Sportel docht al in skoftke mei yn it “Synergy-ensemble”. Hja stribbet dernei om troch in útbalansearre stimgebrûk en in eigen ynterpretaasje in ekstra diminsje oan de tekst te jaan.

Het “Fries Mannen Ensemble” waard oprjochte yn 2008 troch koarlid Koop Lammertsma en dirigint Jan Brens. Undertusken is de groep al tige bekend wurden troch de eigen styl yn konserten en tsjerketsjinsten. De opbringsten fan de CD fan it ensemble binne foar it projekt “Nobody’s Child”: foar in famkesskoalle yn Sri Lanka. Siep Dijkstra en syn frou bringe it jild der persoanlik hinne (op eigen kosten).

Koraalorkest “Hymne” waard oprjochte yn 2003 troch de dirigint en hat him in eigen plakje taeigene yn it korpslibben yn Fryslân mei al mear as hûndert optredens. “Hymne” hat goed 30 leden, dy’t rûnom yn Fryslân wenje. Sûnt de oprjochting wurdt der op moandeitejûn repetearre yn it Bogerman Kolleezje fan Snits.

Op dizze middei sil “Hymne”, njonken de begelieding fan Judith Sportel en de mienskiplike sang, bekende blaasmuzyk spylje, lykas “Serenity” fan Eric Ball en “Licht dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint mei de sjongtekst fan Huub Oosterhuis. Fierder wurdt it bysûnder klankfolle “Graduale” fan Anton Bruckner spile.

Begelieder op it koaroargel is Jan Moens út Luttelgeest, in learling fan de ferstoarne Klaas Jan Mulder, dy’t foarhinne hiel wat konserten jûn hat yn Boalsert. Neist in solo op it grutte oargel, begeliedt Jan Moens de dirigint Jan Brens yn in wurk foar saksofoan.

oktober 7, 2010 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.