Kibbeling feroveret East-Fryslân

oktober 26, 2010 01:49

EMDEN – Kibbeling feroveret East-Fryslân. It tradisjonele Nederlânske fiskgerjocht stiet yn ‘e Eastfryske horeka hieltyd faker op ‘e menukaart en wurdt ek gauris yn ‘e fiskkream oanbean.

Kibbeling bestiet hjoed de dei almeast út minderweardige stikken koalfisk dy’t panearre en bakt wurde. Yn de 19e ieu wie kibbeling lykwols makke fan de wangen fan ‘e kabeljau. It wurd kibbeling komt fan in útstoarn Hollânsk wurd kibbel, dat ‘tsjeak’ bestjut en yn it Frysk inkeldris noch as ‘kevel’ of ‘keuvel’ foarkomt. It Dútske Kiefer is der ek oan besibbe.

Benammen yn ‘e Eastfryske havenplakken, dêr’t tradisjoneel in protte fisk ferkocht wurdt, heart kibbeling sa njonkenlytsen by it normale fiskassortimint.

oktober 26, 2010 01:49
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin oktober 26, 07:39

    No, prachtich moai, ju! Kinne wy nei East-Fryslân om kibbeling.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.