Jane Austen wie stilistysk swak

oktober 24, 2010 17:05

LONDEN – It Ingelsk fan skriuwster Jane Austen (1775-1817) koe eins gjin sprekken lije. Hja makke in soad staveringsflaters en har sinnen wienen gauris de brike kant it neist. De skriuwster fan Pride and prejudice en Sense and sensibility gou as in skoalfoarbyld fan in grut stilist, mar har hânskriften moasten tige behoffene wurde foar’t se printree wienen.

Dat seit literatuerwittenskipster Kathryn Sutherland fan de universiteit fan Oxford. Hja hat alvehûndert orizjinele dokuminten fan Jane Austen bestudearre.Frou Sutherland: “Wy hawwe altiten oannommen dat Austen in treflik styliste wie. Har broer Henry hat yn 1818 sein dat al har wurk streekrjocht út har pinne rôle wie.” De oarspronklike hânskriften strike lykwols net mei dy útspraak. “Hja hold har op gjin stikken nei oan de regels dy’t jilde foar it skriuwen fan kreas Ingelsk.” Frou Sutherland is út brieven gewaarwurden dat einredakteur William Gifford de teksten fan Jane Austen altiten omraak behoffene.

De ûntdekking wie tafal. Frou Sutherland hat de oarspronklike hânskriften opsocht omdat se dy foar literatuerwittenskippers ynscanne en online sette woe. Doe foel har op dat dy frijwat ôfwykten fan de publisearre ferzjes. Fan moandei ôf binne de hânskriften te besjen op www.janeausten.ac.uk.

.

oktober 24, 2010 17:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.