Identiteit kontra ekstremisme

oktober 24, 2010 16:57

Wêrom binne der problemen mei de Marokkaanske jongerein? En wêrom is no krekt de Marokkaanske mienskip fetber foar islamitysk ekstremisme? In earder radioprogrammamakker foar dy mienskip jout antwurd. En in oplossing.

Boukoud Boussedra heakke juster yn in ynstjoerd stik yn it deiblêd Trouw oan dy fraachstikken dy’t yn Nederlân respektivelik fan mids jierren tachtich en ein jierren njoggentich ôf spylje, noch in wichtige fraach ta: wêrom binne by Turkske, Yndonezyske, Koerdyske, Sineeske en oare moslims dy swierrichheden der net? Boussedra jout op dy lêste fraach ek daliks in antwurd: de islam is foar dy groepen allinnich mar religy; harren identiteit omfiemet mei in eigen taal, skiednis en kultuer noch folle mear. Dêrfoaroer stiet neffens Boussedra dat de islam it iennichste hâldfêst is foar de Marokkaanske mienskip, dy’t foar in grut part bestiet út Berbers fan de Rifbergen.

It eardere Barbarije

Berbers binne de oarspronklike net-Arabyske bewenners fan Noard-Afrika, in goa dat yn Nederlân fan de 16e oant de 19e ieu Barbarije neamd waard. Berbers meitsje wichtige minderheden út fan in tal Arabyske lannen en der wurde Berbertalen brûkt yn 10 Noard-Afrikaanske lannen.

Tunezyske Berberse (1910)

Nettsjinsteande fiergeande arabisearring – dy’t mank giet mei diskriminaasje fan Berbers en bedriging fan identiteit, kultuer en taal – wurdt noch Berbersk sprutsen troch likernôch de helte fan de Marokkanen, in tredde fan de Algerinen en in fiifde fan de Libiërs; yn Tunezië binne lykwols, safier is it hinne, gjin Berberske memmetaalsprekkers mear oer. Omdat yn in protte lannen yn Noard-Afrika gjin ynformaasje te krijen is oer de taal fan de boargers, is it krekte tal Berberpraters net bekend; de rûzings fariearje fan 16 oant 30 miljoen.

Berbertalen

Ien fan de Berbergeaen is de Rifkrite. De Riffijnen ha yn de tweintiger jierren om ‘e nocht besocht in eigen steat te stichtsjen. Yn 1958, twa jier nei de ûnôfhinklikens fan Marokko, bruts der nei oanlieding fan de ûnderdrukking troch it sintrale Marokkaanske bewâld in opstân út yn de Rif. Dy waard troch it Marokkaanske leger bluodderich delslein mei slachtings – tûzenen deaden, ynklusyf omtrint alle lieders – en ferkrêftings fan de Riffijnske Berbers en it ferrinnewearjen fan rispinge en wetterboarnen. Doe’t yn de  jierren sechstich Europeeske lannen arbeiders sochten, woe kening Hassan II de reboeljeskoppers wol slite en joech er tastimming Riffijnen te rekrutearjen, dy’t dêr om reden fan harren minne ekonomyske posysje wol iepen foar stienen. Dat koe net te foarren komme dat der yn 1984 wer oproer wie yn de Rif, mei noch ris in pear hûndert deaden. De Nederlânske oerheid spruts de arbeidsymmigranten yn it Arabysk oan en wurke dêrtroch – nei  alle gedachten út ûnferstân – mei oan de arabisearring.

De Rifkrite

Boussedra: “Ald-minister Dijkstal fertelde my yn in fraachpetear ris oer in wurkbesite dy’t er brocht oan Marokko om mear imams nei Nederlân te heljen foar Marrokkaanske moskeeën. Ik frege him wêrom’t hy Arabysk pratende imams oanhelle, wylst de moskeebesikers Berbersk prate. Hy antwurde dat de Berbers harren sels oppenearje moatte om dat te feroarjen. Mar ja, hja protestearje nea, kenne harren eigen Berberske identiteit min, skriuwe harren taal net, witte net folle oer harren skiednis, belibje harren kultuer net en binne net grutsk op harren sels. De Berberske identiteit wurdt noch hieltyd ferhûddûke yn Marokko, hja wurde as groep marzjinalisearre en bûten spul set.” Ferwizend nei Mohammed B., dy’t Theo van Gogh fermoarde, Samir A. fan de Hofstadgroep en dyjingen dy’t yn 2004 yn Madrid in trein opblaasden (mei 190 deaden) skriuwt Boussedra: “As al dy Berberske jonges harren eigen identiteit koenen, lykas de Turkske jonges, soenen se nea dat soarte gedrach fertoane en dy grouwélige dieden begean. Se binne as lege flessen, jo kinne se folje mei alles wat jo wolle.”

Riffynse

Troch dizze fisy komt Boussedra ta in oplossing fan de problemen: “Út eigen ûnderfining as radioprogrammamakker haw ik sjoen hoe entûsjast jonge minsken wurde om yn de maatskippij te stean as se harren bewust wurde fan harren eigen identiteit en benijd reitsje nei oaren troch literatuer, keunst, skiednis en oare kulturele uteringen yn stee fan religieus ekstremist te wurden of foar oerlêst te soargjen. De wittenskip hat hieltyd wer útwiisd, dat it kennen fan de eigen identiteit in betingst is om yn in maatskippij posityf te funksjonearjen en mei oaren yn frede te libjen.”

oktober 24, 2010 16:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nynke oktober 24, 17:20

    Interessant artikel! Nu snap ik ook meer van de problemen van (met?) de Marokkanen in Nederland.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.