Grutte boekferkeap by Tresoar

oktober 26, 2010 14:00

LJOUWERT – Elk jier wurde boeken fan Tresoar dy’t om de ien of oare reden net yn de kolleksje opnommen wurde, troch de Freonen fan Tresoar ferkocht. By dy boeken sit ferskaat, âld en wat minder âld, boeken oer skiednis, filosofy, Fryske romans ensfh.

De boekemerk is op 30 oktober by Tresoar yn Ljouwert. De earste oere (fan 10.00 oere ôf) meie klanten maksimaal 15 boeken keapje. Tusken 11.00 en 12.00 oere mei út it restant ûnbeheind kocht wurde. Der wurdt kontant ôfrekkene (der is gjin mooglikheid om mei pinpas te beteljen).

De boekemerk is yn earste ynstânsje foar de Freonen fan Tresoar .
Minsken dy’t op ’e boekemerk Freon fan Tresoar wurde (kosten € 20,00 yn it jier) meie ek boeken keapje.

oktober 26, 2010 14:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.