God leit Britske jeugd flak

oktober 14, 2010 11:00

LONDEN – Jongelju yn Ingelân hawwe amper belangstelling foar godstsjinst en leauwe, sa docht bliken út in ûndersyk fan de anglikaanske tsjerke. Oars as by har âlden is der ûnder de jeugd amper ferset tsjin de tsjerke en syn dogma’s. It leit de jeugd oer it generaal flak wat de tsjerke docht en lit. Jongelju tinke amper nei oer religieuze saken. Foar harren binne freonen, famylje en persoanlike ûntwikkeling it wichtichste.

De generaasje Y

De útkomsten fan it ûndersyk binne beskreaun yn it boek The Faith of Generation Y. De ûndersikers hawwe sa’n trijehûndert jongelju yn Ingelân befrege. It giet om jongelju dy’t meidogge oan projekten fan de anglikaanske tsjerke en dus net rabiaat anty-religieus binne. De befrege jongelju binne berne yn of nei 1982.

Allinnich bidde by sykte

Sylvia Collins-Mayo, ien fan de ûndersikers, seit: “Foar de measte jongelju spylje godstsjinst en spiritualiteit yn it deistich libben gjin rol. Us jongerein siket net om antwurden op ‘e grutte fragen en docht ek net oan it “sleatsjebaaien” yn ferskillende religys. Yn de seldsume gefallen dat se twongen waarden om nei te tinken oer religy, lykas by sykte of ferstjerren fan famyljeleden, foelen se faak werom op in tige ferwettere oantinken oan it kristendom. Dat wie de iennichste religy dêr’t se noch wat fan ôfwisten. Yn sokke situaasjes beaën se noch wolris foar’t se op bêd gienen. Goed nijs foar de tsjerke is dat se der dan wol wiis mei wienen dat se noch wat fan it kristendom wisten.

Net amoreel

Neffens it ûndersyk tinke jonge minsken wol in soad nei oer goed en ferkeard. Se erkenne wol dat de tsjerke goede advizen jaan kin, mar yn ‘e praktyk basearje se har ideeën oer etyk en moraal benammen op wat freonen en famylje dogge.

Terry Sanderson fan de Britske National Secular Society (NSS) seit: “Dit ûndersyk bewiist op ‘e nij dat godstsjinst syn ynfloed kwyt is op ‘e fantasy fan jonge minsken yn ús lân. Se wolle it net en binne it net nedich.” Sanderson beklammet dat jonge minsken net amoreel binne, mar troch in bettere oplieding as eardere genearaasjes op syn eigen manier ûntdekt wat goed en ferkeard is.

oktober 14, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 oktober 14, 12:19

    Hjir kinne je allinnich mar fleurich fan wurde! In pear jier lyn sei Balkenende noch dat je net funksjonearje kinne sûnder leauwen, mar it docht (lokkigernôch) bliken dat ateïsten beslist wol neitinke oer wat goed en wat ferkeard is. En soks hoecht net ynjûn te wurden troch it leauwen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.