Fryske satellyttelevyzje faai
Resint ferskynd
LJOUWERT – De televyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân wurde ynkoarten net mear fia de satellyt trochjûn. Omrop Fryslân kin de satellyttelevyzje net langer betelje, no’t de provinsje de subsydzje foar de Omrop mei 600 tûzen euro ferminderje wol. Dat skriuwt Omrop-direkteur Jan Koster yn in iepen brief oan Provinsjale Steaten.
Net allinnich de satellyttelevyzje ferdwynt, de Omrop kin skielk ek gjin eigen programma’s mear meitsje. Populêre produksjes lykas Baas boppe baas en Dankert en Dankert hearre aanst ta it ferline. Boppedat krije in protte meiwurkers de kommende jierren dien.
Provinsjale Steaten komme jûn gear om oer de besunigings te praten. De provinsjes krije folle minder jild fan it Ryk en moatte allegear tige besparje. Komsaris fan de Keninginne John Jorritsma hat dêr okkerdeis al oer klage. Neffens him moat Fryslân troch syn eigen taal en karakter fan de ryksbesunigings útsein wurde.
Oeral op besunigje behalve op strieljagers. Sa helpst de Fryske kultuer wol út ‘e ljochten.
Provinsje en Omrop Fryslân hawwe wolris better oan ‘e gong west! Wa docht dat no, om de satellytútstjoering te einigjen? In protte minsken sjogge nei Omrop Fryslân fia de satellyt, ik allyksa. Doe’t ik satellyttelevyzje naam, hie ik nea tocht dat dy ea faai stean soe. Dit falt my goed ôf, dat der mar oan tocht wurdt om it op te heffen. Lytse gemeenten wurde gearfoege. Provinsjes wolle se yn in oarenien opgean litte. Wêr is dy stomme polityk mei oan ‘e gong? Hawwe se ea ús frege om sokke dingen te dwaan? Nee, nea. Foaral it CDA, PVDA en de VVD (gjin Fryske partijen} bestjoere út de rânestêd wei en hâlde gjin rekken mei boargers op it plattelân. Opsoademiterje mei dizze polityk en as it net feroaret, ek mei dizze partijen, fuort dermei.