Earste radioútstjoering SWF Lokaal

oktober 23, 2010 13:06

SNITS – De nije lokale omrop fan de fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke is in feit. SWF Lokaal, de opfolger fan RTN, A7FM en Radio Markant, hie freedtejûn syn earste útstjoering.

Neist radio makket SWF Lokaal ek televyzje en is der in eigen webside. Om de frijwilligers temjitte te kommen yn reistiid giet SWF Lokaal de kommende tiid troch mei útstjoeren út trije ferskate studio’s: yn Snits, yn Koudum en yn Boalsert.

(Boarne: Omrop Fryslân)

oktober 23, 2010 13:06
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Kees oktober 23, 20:21

    Op de hiemside is net in wurd Frysk te finen. Geheime stjoerders bauwe Hilversum ek nei en miene dat se dat yn it Hollânsk dwaan moatte.

  2. mbc84 oktober 24, 09:29

    Hat it ea oars west? Dit wie te ferwachtsjen, Frysk is fiis

  3. Erwin oktober 24, 09:43

    Ja, mar ik bin de iennige dy’t yn it gasteboek fan Omrop Hollân SWF reagearre hat. Ik fyn dat SWF Lokaal bah!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.