Drang : In wrange komeedzje

oktober 11, 2010 14:46 Fernijd

In wrange komeedzje oer de gefolgen fan in nacht út in skier ferline fol lust en leafde.

It sil dy mar oerkomme… Op in dei stiet der in freondinne fan eartiids op ‘e stoepe mei har hast-folwoeksen soan. Hja wol derop oan datsto de heit bist fan dizze jongfeint, dy’t oanset is op in feestje, stikem efter de boskjes. En no freget se dyn help! Peter Tuinman regissearret dizze wrange komeedzje.

Juliette en Wouter binne in echtpear fan hast sechtich, sûnder bern. Hy hat it kontakt ferlern mei syn tiid, sy sjocht, nei in slimme sykte, mei skrik werom op har libben. As de freondinne mei har soan harren libben ynstapt, wurdt de rin fan it libben op ‘e nij tsjin it ljocht holden en wurde leagens ûntmaskere. Komysk, bitter en leafdefol tagelyk.

DRANG begjint dêr’t it televyzjeprogramma Spoorloos ophâldt: hoe geane minsken mei-elkoar om as se ûnferwachts wer byelkoar brocht binne. In foarstelling fol ûnmacht, dwazens, en nettsjinsteande grimmitigens, dochs leafde.

Regisseur Peter Tuinman is benammen bekend as akteur. As regisseur wûn hy yn 2009 de Toneelpublieksprijs mei Kopenhagen fan Het Nationale Toneel.
Tjeerd Bischoff skreau yn 2008 prachtige sênes foar de 11Stêdetocht fan Tryater, ûnder oaren de sêne yn Hylpen mei Thijs Feenstra.

Tekst: Tjeerd Bischoff
Regy: Peter Tuinman
Spilers: Jan Arendz, Aly Bruinsma, Marijke Geertsma en Lourens van den Akker

“Drang” spilet de komende wike yn it Tryatergebou yn Ljouwert.

Tiisdei 12 oktober 20.00 oere: try-out. Lokaasje: Tryater.
Kaarten: www.tryater.nl of 058-2539550

Woansdei 13 oktober 20.00 oere: try-out. Lokaasje: Tryater.
Kaarten: www.tryater.nl of 058-2539550

Tongersdei 14 oktober 20.00 oere: try-out. Lokaasje: Tryater.
Kaarten: www.tryater.nl of 058-2539550

Freed 15 oktober 20.00 oere: Premjêre. Lokaasje: Tryater. Besletten

Sneon 16 oktober 20.00 oere. Lokaasje: Tryater.
Kaarten: www.tryater.nl of 058-2539550

‘Drang’ spilet fan 12 oktober 2010 o/m 22 jannewaris 2011 rûnom yn ‘e provinsje.

oktober 11, 2010 14:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.