Bysûnder: Beagle hat in pompeblêd

oktober 28, 2010 09:38

It Fryske folk stiet yn Europa bekend om syn eigensinnigens. De Fryske frijheid is foar in soad Friezen noch hieltyd de heechste wet. Us pompeblêd wurdt fakentiden brûkt as model en is represintatyf foar dizze eigenskip. It pompeblêd is fanâlds in froulik symboal, te ferbinen mei it Aldeuropeeske matriargaat, dat by de Ingweoanen (neffens Tacitus de stammen om de Noardseekust hinne) altiten grutte ynfloed holden hat.

Beagle’s binne der ek om bekend dat se hearre ta de meast iensinnige hûnen yn de wrâld. Frijheid stiet heech yn it findel by dit hûneras. No is der yn Fryslân in jong Beagle-hûntsje fan fjouwer moanne, dat op ‘e hûd in teken hat dat liket op in pompeblêd. Is dit de Fryske profesje? De namme fan dizze dogeniet is Beagle vin Diesel.

oktober 28, 2010 09:38
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Jan Romkes oktober 27, 12:10

    Ik krij suver de triennen yn de eagen!
    Takommend jier wurdt er op it Reaklif ferwachte en hy kin meirinne yn de Ljouwerter Marijeprosesje.

  2. Erwin oktober 27, 13:06

    Der binne in protte teltsjes oer it weromkommen fan Kening Redbad. Soe dit wier in teken wêze? Sil it heve?

  3. Willem Gaastra oktober 27, 13:50

    Dit is wol apart en unyk. Kin wol de maskotte wurde fan de provinsje of sokswat.

  4. Kees Veenstra oktober 27, 16:11

    De Beagle

    De Beagle is afkomstig uit Engeland. Het is een zeer oud ras. In Friesland minder bekend. De naam Beagle is afkomstig van beag, beg of beigh, hetgeen in het Keltisch “klein” betekent.

    De Beagle kan een ideale huishond zijn. De Beagle is zachtmoedige, evenwichtig qua karakter en een vrolijke en ondeugende rakker. Thuis ontpopt hij zich als een heerlijke ‘vrijkous’ lief voor iedereen, maar buiten toont hij zich ‘jacht- hond’ en raakt in zijn element als hij tijdens een wandeling vol overgave snuffelend een ‘spoor’ volgt. Omdat hij vanouds als meutehond erop gefokt is het te schieten wild zonder hulp van de mens binnen te halen, bezit de Beagle een grote mate van zelfstandigheid, wat wij ervaren als een behoorlijke portie eigenwijsheid, Hij moet dus zeer consequent opgevoed worden. Door zijn vrolijke karakter is hij altijd in voor een spelletje. Een bak gevuld met touwknopen, spijkerbroekpijpen, doeken, tennisballen en toiletrolletjes zijn vaak zijn favoriete speelgoed.

  5. Nynke oktober 27, 21:52

    Ach gut, wat lief!

  6. jan pet oktober 27, 23:16

    pompe(blêd) of fersûpe.

  7. Willen Gaastra oktober 29, 10:53

    @Erwin

    Yn de term: ik worstel en kom boven?

  8. Fetsje oktober 30, 11:28

    Och hea, ‘t is mar krekt watst sjen wolst. Sa kin ik oeral wol in pompeblêd yn weromkenne:P Pfff

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.