Brzak lûkt bakseil
Resint ferskynd
WASHINGTON – Ald-premier Ruud Lubbers wurdt net ferfolge foar kontkniperij. It Amerikaanske Heechgerjochtshof hat de beskuldiging datoangeande net ûntfanklik ferklearre.
Cynthia Brzak, in Amerikaansk frommeske dat foar Lubbers wurke doe’t dy hegekomsaris foar de flechtlingen wie, hâldt út dat har baas har yn 2003 yn it efterste knypt hat. Dat soe bard wêze yn in seal fol minsken. Neffens frou Brzak is se sa traumatisearre dat Lubbers boetsje moat. Lubbers sels ûntstriidt de beskuldiging. De reboelje om ‘e saak hinne makke lykwols al dat Lubbers him yn 2005 ferplichte fielde om dien te nimmen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje