Bananenfahne? Ist verboten!

oktober 23, 2010 08:39

ESCHERSHAUSEN – Is Dútslân in bananerepublyk? Wa’t tinkt fan al, mei dat yn alle gefal net troch in “Bananenfahne” oan ‘e wrâld ferkundigje, sa hat Michael Pramann fan Eschershausen yn it eastlike Nedersaksen ûnderfûn. De bananeflagge yn ‘e tún wie foar de plysje reden om de man syn hûs binnen te fallen en de flagge te naderjen. Hy wurdt beskuldige fan mislediging fan de Dútske flagge, in misdriuw dêr’t maksimaal trije jier finzenis op stiet.

Pramann is meubelmakker en woe mei syn flagge-aksje demonstrearje tsjin it ferplichte lidmaatskip fan it meubelmakkersgilde. Yn Dútslân besteane foar in protte ambachtlike beroppen noch ferplichte gilden.

oktober 23, 2010 08:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.