Anatevka-skriuwer Joseph Stein dea

oktober 27, 2010 03:30

NEW YORK – De skriuwer fan Anatevka is dea. Joseph Stein, dy’t wrâldferneamd waard troch syn musical Fiddler on the roof, is snein ferstoarn by in ûngemak yn syn wente yn New York. Hy is 98 jier wurden.

It stik hat yn de jierren ’90 as iepenloftspul yn Jorwert op ‘e planken west. It hiet doe fan Anatevka, in spylman op it dak. Yn 2008 waard it nochris yn Broeksterwâld spile. It stik is twa kear ferfilme en hat yn Nederlân as musical fan Joop van den Ende grutte bekendheid krigen.

Hoewol’t de Fiddler fierwei it bekendste stik fan Stein is, hat de skriuwer sels altyd in foarkar hân foar in oar stik fan syn hân, nammentlik Zorba – in toanielbewurking fan it boek Zorba de Griek fan Nikos Kazantzakis.

oktober 27, 2010 03:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.