Ald skilderij blykt Michelangelo

oktober 14, 2010 09:00

BUFFALO – In besite oan in keunstkenner smiet in ûnbidige ferrassing op foar de Martin Kober út it Amerikaanske Buffalo. De famylje Kober hie jierrenlang in skilderij oan ‘e muorre hân dat se gekjeiend in Michelangelo neamden. It liet Jezus en in treujende Marije sjen. Doe’t ien fan ‘e bern it skilderij in kear by fersin fan ‘e muorre reage, lei Kober syn frou it ûnder de bank en dêr bleau it jierrenlang lizzen.

Oant 2003. Doe woe Kober wolris mear witte oer it skilderij, dat al generaasjes lang yn ‘e famylje wie. Hy gie dermei nei keunsthistoarikus Antonio Forcellino. Dy tocht earst dat it in goede kopy fan in wurk fan Michelangelo wie, mar woe it dochs bestudearje.

Nei in wiidweidich ûndersyk, ûnder oaren mei röntgenstrielen, is Forcellino ta de konklúzje kaam dat it skilderij echt troch Michelangelo makke is. It datearret út omtrint 1545 en hat by ferkeap in wearde fan sa’n 215 miljoen euro. Nei alle gedachten is it fia Kroaasje en Dútslân yn de Feriene Steaten bedarre.

De ûndersteande foto lit it skilderij sjen.

oktober 14, 2010 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.