Sosjaal plan foar handicapten

septimber 28, 2010 11:04

DE HAACH – De sosjale tsjinsten yn Nederlân wolle dat de Wajong-útkearing ferdwynt. Dat is in útkearing foar jongelju mei in lichaamlike of geastlike beheining. Divosa, de Nederlânske koepel fan sosjale tsjinsten, hat moandei it útstel dien om handicapten safolle mooglik gewoan wurkje te litten en harren in oanfoljende útkearing út de bystân te jaan.

De maatregel is bedoeld as besuniging. De sosjale tsjinsten soenen sa trije miljard euro besparje. Neffens Divosa komme sa mear minsken oan it wurk. It liedt der lykwols ek ta handicapten twongen wurde om har fermogen op te iten en dat it mooglik is dat se wurkje moatte foar in bedrach dat fier ûnder it minimumlean leit.

septimber 28, 2010 11:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Loffiis septimber 28, 12:05

    Boppedat, sa gau as se krekt wat mear ha as it sosjaal minimum mar minder as it minimumlean, sille se úteinlik minder oerhâlde as it sosjaal minimum meidat se dan gjin oanspraak mear hawwe op bepaalde taslaggen en foarsjennings. Wylst se faak wol mear kosten ha as sûne minsken.

    Ja ja. Hoe wie’t ek alwer? Hege leanen giene der op foarút…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.