Pornoferlet nei ferkiezingswinst

septimber 30, 2010 10:00

PHILADELPHIA – Der sitte op it stuit nei alle gedachten mear PVV-stimmers as CDA’ers mei de kul yn ‘e hân foar it skerm. Manlju waans favorite partij de ferkiezings wint, sjogge nammentlik mear nei porno as oaren. Dat hawwe twa Amerikaanske psychologen ûntdutsen.

Patrick en Charlotte Markey hawwe ûndersocht hoefolle oft der nei ynternetporno sjoen waard op ‘e dei fan ferskillende Amerikaanske ferkiezings. Yn steaten dêr’t in mearderheid op ‘e winnende kandidaat stimd hie, waarden mear bleatplaatsjes oproppen as yn steaten dy’t yn mearderheid foar de ferliezende kandidaat keazen hienen.

De ûndersikers – in echtpear dat oan twa ferskillende universiteiten wurket – tinkt dat it ferlet fan porno ûntstiet trochdat manlju harsels in winner fiele. Dan makket it lichem mear testosteron oan en dat jout sin oan seks. Dat in oerwinningsgefoel soarget foar de oanmaak fan testosteron wie al út earder ûndersyk bekend. Wa’t nei in sportwedstryd sjocht en supporter is fan it winnende tiim, makket itselde mei. It omkearde is ek wier: as jins kandidaat of favoryt tiim ferliest, sakket it testosteronpeil yn it lichem.

septimber 30, 2010 10:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. pyt septimber 30, 12:01

    Hea, ik sjuch wite plakken, dat it binne gjin nudisten!

  2. Anonym septimber 30, 12:07

    Dat oare fotoke foldie my better.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.