Nivellearring makket sûn

septimber 21, 2010 10:14

ANTWERPEN – Wat lytser oft de wolfeartsferskillen binne, wat sûner oft de befolking is. Dat docht bliken út ûndersyk fan de sosjolooch Stijn Rottiers fan de universiteit fan Antwerpen.

Twa lannen mei yn trochsneed itselde ynkommen kinne dochs ûnbidich faninoar ferskille op it stik fan saken lykas bernestjerte en libbensferwachting.

Lannen mei lytse ynkommensferskillen lykas Sweden skoare folle better as bygelyks de Feriene Steaten, hoewol’t de lannen inoar net bot ûntrinne as men allinnich nei it trochsneedynkommen sjocht. Portugal, dêr’t gruttere ûngelikensens bestiet as yn Spanje, is ek in stik ûngesûner as syn buorlân.

Rottiers neamt twa oarsaken fan de ferskillen yn sûnens. De earste oarsaak is dat der yn lannen mei grutte ynkommensferskillen mear earme minsken binne. Dy libje oer it generaal minder sûn as wat rikere minsken. Dêrnjonken is der lykwols ek by minsken dy’t net tige earm binne sprake fan ‘maatskiplike stress’. Hja fiele har minder as minsken dy’t mear te besteegjen hawwe. Dy stress laat ta mear sykten.

Earder ûndersyk yn België hat sjen litten dat de sûnens fan heech en leech oplate minsken grutte ferskillen sjen lit. As yllustraasje: froulju mei in goede oplieding bleaunen neffens in ûndersyk út 2004 trochinoar oant har 72e jier sûn en stoaren op har 80e. Froulju mei in lege oplieding bleaunen mar sûn oant har 54e en stoaren op har 72e.

septimber 21, 2010 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.