Nije Fryske wurden

septimber 23, 2010 21:44

Oersetwedstriid yn it ramt fan de Europeeske dei fan de talen
Dyn eigen Frysk wurd betinke? Dat kin. Op 26 septimber begjint in wedstriid foar wurden dy’t noch net sa hiel lang besteane yn it Hollânsk. De wedstriid wurdt organisearre yn it ramt fan de Europeeske dei fan de talen.

Zeilmeisje, dweilsoap en bierbabe: it binne mar inkelde wurden dy’t it ôfrûne jier foar it earst yn it nijs kamen. Gauris ûntsteane dy nije wurden nei oanlieding fan de aktualiteit en somtiden ferdwine se ek wer gau. Mar bytiden begjinne se diel út te meitsjen fan de Nederlânske taal. Oliemannetje is sa’n wurdt: it doek foar de earste kear yn de njoggentiger jierren fan de foarige ieu op en no heart men it geregeldwei.

By dizze wedstriid komt it deropoan om foar in stikmannich fan dy nije Hollânske wurden in Fryske oersetting te sykjen. Wat wurdt vuvuzelaterreur yn it Frysk bygelyks? Kreativiteit en orizjinaliteit wurde dêrby tige oanmoedige. In saakkundige sjuery kiest úteinlik de moaiste nije wurden yn it Frysk.
Europeeske dei fan de Talen

De Europeeske dei fan de talen wurdt alle jierren holden op 26 septimber. Op en om dy datum hinne wurde ûnderskate eveneminten organisearre om omtinken te freegjen foar it belang fan talen. It giet net allinnich om it begripen en praten fan frjemde talen, mar ek fan offisjele minderheidstalen yn eigen lân. Taal wurdt dêrby sjoen as in middel om yn ’e kunde te kommen mei oare kultueren en as utering fan de Europeeske rykdom: ienheid yn ferskaat.

Organisators
DGT, de fertaaltsjinst fan de Europeeske Kommisje, hat yn eltse lidsteat fan de Europeeske Uny in fertsjintwurdiging. De fertsjintwurdiging yn Nederlân organisearret dizze wedstriid yn gearwurking mei de Fryske Akademy, de Ried fan de Fryske Beweging en it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar.
Ynformaasje foar it publyk

Alle ynformaasje oer it dielnimmen fynt men op www.europesedagvandetalen.nl (fan 26 septimber ôf).

septimber 23, 2010 21:44
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. roel septimber 24, 15:56

    Der stiet noch hielendal neat op de site…. noch mar efkes wachtsje oant de 26e dan.

  2. Klaas Kooistra septimber 26, 20:06

    nije wurden; hoe wurket soks ? kin ik no al ideeën ynbringe ? wannear en wêr en hoe dan wol ?

    foarbyld:
    “Mestvergister”‘; soe wêze kinne “Dongfergasser”

  3. Nynke septimber 26, 20:23

    @Klaas: hier staat meer informatie:
    http://www.europesedagvandetalen.nl/.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.