Ljouwert besuniget 14 miljoen

septimber 22, 2010 11:00

LJOUWERT – De gemeente Ljouwert moat oant 2014 14 miljoen besunigje. Hoefolle jild oft it Ryk op gemeenten besparret is noch net wis. Dêrom hâldt de gemeente Ljouwert rekken mei noch gruttere finansjele ôffallers en ha se 29 miljoen yn de algemiene reserve set. Der wurde ek ôfdijers mei de grûnferkeap ferwachte, omdat de huzemerk noch hieltyd op it slot sit.

Kultuer, de WMO en it jongereinwurk binne de posten dy’t gâns ynleverje moatte.

Foar minsken dy’t in nij rydbewiis ha moatte is der wol goed nijs, want dat wurdt 9 euro goedkeaper. De lêsten bliuwe foar in soad minsken gelyk. Wa’t in hierhûs hat, sil tenei sels goedkeaper út wêze; wa’t in keaphûs hat dat djoerder is as trochsnee, kriget wol hegere lêsten.

De gemeente sil ek yn eigen organisaasje snije: der ferdwine 80-100 arbeidsplakken, mar dat sil gean sûnder dienjaan ûnder twang.

(Tekst: Omrop Fryslân)

septimber 22, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.