Leaver troch antydepressiva

septimber 30, 2010 11:00

CAMBRIDGE – Mankelike minsken dy’t antydepressiva brûke, wurde net allinne fleuriger, se wurde ek aardiger. Se hawwe der folle mear muoite mei om oare minsken sear te dwaan of op it sear te kommen as minsken dy’t de medisinen net brûke. Dat hat ûndersykster Molly Crockett fan de universiteit fan Cambridge ûntdutsen.

Frou Crockett hat 24 frijwilligers fragen steld oer morele dilemma’s, lykas: “Soesto ien persoan foar de trein triuwe ast dêrmei it libben fan de fiif ynsitters rêde koest?” Se hat de proefpersoanen ek spultsjes dwaan litten dêr’t men kieze moast tusken in mooglik grut gewin foar jinsels of in lytser gewin foar jinsels mar in gruttere kâns dat de oare spilers ek wat krigen. De antydepressivumbrûkers kamen by beide testen as gefoeliger en sêftsediger foar de hearen.

Frou Crockett tinkt dat minsken ûnder ynfloed fan antydepressiva aardiger wurde trochdat dat middel derfoar soarget dat it hormoan serotonine oanmakke wurdt. Dat makket dat minsken der ferlet fan krije om leaf foar oaren te wêzen en inoar oan te krûpen.

De ûndersykster wiist derop dat hieltyd mear minsken antydepressiva foarskreaun krije. Dat kin fan gefolgen hawwe dat de omgongskultuer feroaret, sa seit se.

septimber 30, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.