Krityk op taalbelied Ljouwert

septimber 1, 2010 23:38

LJOUWERT – De gemeente Ljouwert hat krityk krigen oer it taalgebrûk. Yn in folder oer ôffal stiet de ynformaasje net yn it Frysk, mar wol yn it Arabysk en Ingelsk. Fia ynternet kamen dêr in soad reaksjes op.

Neffens de gemeente is foar Nederlânsk, Arabysk en Ingelsk keazen om safolle mooglik ynwenners te berikken. Yn de gemeente wenje mear as hûndert nasjonaliteiten. Friezen kinne wol Nederlânsk lêze en dêrom is net foar it Frysk keazen.

(Tekst: Omrop Fryslân)

septimber 1, 2010 23:38
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. mbc84 septimber 1, 23:59

    “Friezen kinne wol Nederlânsk lêze en dêrom is net foar it Frysk keazen”. WAT???? En der wurdt wól foar Arabysk keazen??????????????????????????????????????????? Sy (wolle) gjin Nederlânsk prate/lêze kinne??????????? Ik wol ek gjin Nederlânsk lêze?????!!!!!!! Mar ik wurd twongen!!! Leave minsken, ferfrysking fan ús moaie lân is no mear as ea in needsaak!!!!

  2. mbc84 septimber 2, 00:04

    en trouwens, dêr komt noch by, wenje der mear Arabysktaligen yn Ljouwert as Frysktaligen? De measte Arabysktaligen prate dialektarabysk, net it standert Arabysk dat brûkt wurden is yn ‘e folder… Mei oare wurden, foar de measten is it ûnlêsber, hja binne net grutwurden mei it standert Arabysk mar mei dialektarabysk…

  3. Kees Veenstra septimber 2, 00:07

    Gelikensens is de fundearring fan alle talen.
    Gelijkheidsbeginsel is de fundering van alle talen.

    Kin boppesteande gemeente Ljouwert ek foar it rjocht dage wurde? Wa wit dat?

  4. pizzabakker septimber 2, 00:15

    Wêrom net yn it Italiaansk?

  5. Erwin septimber 2, 14:28

    ”De Friezen kinne wol Nederlânsk lêze.”

    Frysk is de iennichste autochtoane taal fan Ljouwert.

    In tredde fan de stêd praat Frysk, de iennichste autochtoane taal fan Ljouwert. Der binne, nei myn miening, op syn heechst 50 Arabieren dy’t ientalich Arabysk binne. Allochtoane talen fan tige lytse absolute minderheden hawwe al in hegere status as it Frysk. Lokwinske bêste minsken!

    Swahily, Arabysk. It Hollânske stedsbestjoer fan Ljouwert stelt ALLES boppe it Frysk.

  6. Lútsen septimber 2, 16:59

    mbc84: oer dat dialektarabysk: ik wenje yn it westen fan it lân, en haw wol ris grútsjen heard, dat it Amsterdamske bestjoer jierrenlang war dien en jild stutsen hat yn it útjaan fan Arabyske teksten (en oars ek Turkske) – paadwizers en ferklearjende teksten – om de Marokkanen en Turken yn ús lân temjitte te kommen. Op himsels hiel sympatyk, fansels. Al freegje ik my al ôf, wêrom’t de Sinezen nea op dy wize ynheind binne, en al dy oare minderheden. Mar it hat bliken dien, dat in protte Marokkanen hjirre winliken Berbers binne. Berbersk is in oare taal en de Berbers kinne it Arabysk net iens lêze, skynt. In soad fan harren binne analfabeet, is de hiting. Berbersk wurdt amper skreaun, skynt it. Dat wie alsa in protte jild en muoite om ‘e nocht, fergriemd. Ljouwert mei him der earst wol fan bewissigje oft hjir de juste doelgroep wol berikt wurdt, oars sjit it syn doel wol hiel sneu foarby.

    Mei it Frysk is it in oare saak. Wy hoege net temjittekommen te wurden, wy kinne yndied wol Nederlânsk lêze. Mar wy kinne hast allegear ek wol Ingelsk lêze, en Dútsk ek wol. Ja, louloene. Mei sa’n redenearring soe men it Nederlânsk dus ék likegoed weilitte kinne? Dat kin net de bedoeling wêze. It Frysk hat yn de praktyk de status fan in dialekt en dat moat feroarje. Wy moatte it foarbyld folgje fan Wales en Kataloanië.

  7. mbc84 septimber 2, 18:15

    @Lútsen: ik leau dat wy al temjittekommen wurde moatte, der wurdt al sa lang oer ús hinne wâde, en altiten mei it ferlechje dat wy ek wol Nederlânsk lêze. Dit is in tige swak argumint, want krekt sa’tst seist, dan kin it Ingelsk my ek wol. En sa komme wy wer by it feit dat elts folk yn syn eigen taal betsjinne wurde wol, ek al lêze hja oare talen.. Ik bedoel, soks as mei dizze folder en ek mei it Frysk yn it iepenbier ferfier, wêrom? En at der in wurd wêze soe dat in soad liket op it Nederlânske wurd, dan moat keazen wurde foar de Fryske stavering, Hollânsktaligen begripe dat dochs ek wol, net?

  8. Lútsen septimber 2, 21:21

    @mbc84: Wêrom, ja, dat wolle wy no krekt witte en dat moatte wy útfine wêr’t dy ûnwil, dat skrutene weikomt. Alle Fryske ynstânsjes – Akademy foarop! (dy lju skûlje ek altyd mar wei yn harren ivoaren toer), de RiedfdFB, de Afûk, it Cedan (of hoe hjit dat orgaan fan it Ûnderwiis Frysk), it Skriuwersbûn en gean sa mar troch – moatte harren krêften mar ris bondelje en gearkomme – en dan in mienskiplike brief opstelle en stjoere oan Provinsjale Steaten, want dêr leit neffens my de útfierende macht. (Komt hý wer oan mei syn brief, sille jo wol tinke.) Mar hoe moat it oars, de dyk op? Nee, in nije kneppelfreed soe út de tiid wêze. Al dy niisneamde ynstânsjes operearje gauris fan harren eilantsjes, harren terpkes ôf. Bêst genôch, mar se moatte bytiden ek witte wannear’t se ta de kinkhoarn út komme moatte om in mienskiplik doel te berikken. Dy krêft is sa grut – dêr kin nimmen omhinne, ek in stedsbestjoer net.

    Jo sizze: …wy moatte ál temjittekommen wurde. Dêr kin ik it net mei lykfine, want dan spylje wy de slachtofferrol. Wy binne nammers slachtoffer fan ús eigen sleauwens en skrutenheid. Wy hawwe yndied it rjocht om ‘…betsjinne te wurden yn de eigen taal…’, sa’t jo sizze. Hielendal mei iens. Mar dat rjocht moatte wy befjochtsje, sa’t bliken docht. Nuvergenôch binne de taaiste tsjinstanners hiel faak Friezen, haw ik de yndruk, en net minsken fan utens, alteast sa slim net. As der in grut evenemint organisearre wurde moat – lykas Simmer 2000 – bewize wy dat wy bjuster organisearje kinne. Om utens besauwe se har derom, dat sa’n lyts ‘folkje’ soks foarinoar kriget. Wêrom dogge wy datselde net foar ús taal? De lêzer mei it sizze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.