Kofferketiisdei yn ramt besunigings

septimber 21, 2010 22:00

DE HAACH – VVD-lieder Mark Rutte wie tige op ‘t skik mei de sinteraasjeplannen fan it demisjonêre regear fan Jan Peter Balkenende-en-dy. Hja hawwe hjoed op Kofferketiisdei in begrutting presintearre dy’t gâns besunigings nedich makket. Neffens de VVD is besunigjen hurd nedich om it begruttingstekoart lytser te krijen.

De PvdA is minder wiis mei de plannen. Fraksjelieder Job Cohen seit dat sa hurd besunigje as dat it regear no wol, net nedich is. Hy neamt benammen de plende besunigings op berneopfang, reyntegraasje en ynboargering in minne saak. Neffens Cohen binne dat besunigings  “die het moeilijker maken om maatschappelijk actief te worden of te blijven werken”.

Wat der fan de plannen útfierd wurdt, is ûnwis, mei’t it regear demisjonêr is en faaks al gau ferfongen wurdt troch in nij regear dat mei in eigen begrutting komme kin.

septimber 21, 2010 22:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.