Kado-aksje Audiofrysk
Resint ferskynd
Alle keapers fan in Frysk boek krije yn de Moanne fan it Fryske boek net allinne it kadoboek ‘Los sân’ fan Greet Andringa fergees by oankeap fan op syn minst € 9, útjouwerij Audiofrysk docht dêr noch in kadootsje by: it harkboek fan ‘De diggels fan Che’, de debútbondel mei losse ferhalen fan dizze warbere skriuwster.
Troch te beteljen mei de koade dy’t foar yn it aksjeboek fermeld stiet, kin ien eksimplaar fan it audioboek fergees delladen wurde by Luisterrijk.
Greet Andringa hat it harkboek sels ynlêzen en bringt de sfearfolle ferhalen op boeiende wize foar de mikrofoan.
It is in moaie gelegenheid om mei it fenomeen audioboek yn de kunde te kommen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje