Fryske plaknammen

septimber 30, 2010 11:57

By it gearfoegjen fan gemeenten wurdt no sein dat de plaknammepolityk fan dy gemeente folge wurde moat, dy’t dêr it fierst mei is. Mei dat “fierst” wurdt dan bedoeld: dy’t it meast ferfryske hawwe. Leeuwarden soe dan dus offisjeel Ljouwert wurde moatte en dêr binne gâns Ljouwerters it lang net mei iens.
Mar wêr wolle wy eins hinne? Is ús ideaal in kopy fan de ientalige Nederlânske sitewaasje, mar dan yn it Frysk? Of wolle wy wier in maatskippij dêr’t de ûnderskate groepen yn harmony en lykweardigens meiinoar ferkeare kinne?

It is nammers ek de fraach wat wy opsjitte mei de ferfrysking fan allinne de plaknammen. Yn ferbân mei it AZC dêre haw ik gauris de namme Burgum út Hollânsktalige mûlen heard en dan is it krekt oft der in frjemd yn jins spullen om sit te skaaien. Ik soe sizze: lit ús fan dy Nederlânske steat mar safolle elastisiteit freegje, dat se beide nammefoarmen as offisjeel erkenne, dan kinne wy frij elk de eigen foarm yn de eigen taal brûke. Dan rinne wy ek net it gefaar dat der aanst njonken Aldlân-State ek noch in nij gebou Oudland-State ûntstiet (ik seach al Nieuwland-State), of njonken Ljouwert in nije stêd Leeuwarden.
Pyt

septimber 30, 2010 11:57
Skriuw in reaksje

15 opmerkingen

  1. Anonym septimber 30, 14:35

    It wurd “Fryslân” yn in Nederlânsktalige tekst komt my ek altyd wat pitertuerlik oan. It mooglik meitsjen fan ferskate offisjele foarmen soe better by Fryslân passe en foar in natuerliker offisjeel taalgebrûk soargje. Fierders soenen ek plakken as Den Bosch/’s-Hertogenbosch, Den Haag/’s-Gravenhage, Bentheim/Bad Bentheim en Gorinchem/Gorkum profyt hawwe fan sa’n regeling.

  2. Lútsen septimber 30, 14:53

    @Pyt: Jo sizze:…gemeenten dy’t it meast ferfryske hawwe’. Meitsje jo dêr net in tinkflater? It is oarsom en dat witte jo sûnder twivel ek wol: plaknammen yn Fryslân wiene fanâlds Frysktalich, fansels, en binne letter oan de Nederfrankyske lûding/útspraak en stavering oanpast, yn offisjele geskriften it earst.

    Jo brûke hjir it foarbyld fan Skarsterbrêge. OK, brêge is brug, mar wat is Skarster? It is fansels ûnsin te leauwen dat net-Friezen net ‘Skaster’ sizze kinne – dat kin in Sinees noch wol. ‘Brêge’ is likemin in tûkelteam. As se dan sá spuie op ús taal, dan soe ik leaver sjen, dat se in goede oersetting yn harren taal betinke foar ús plaknammen, dan kinne dy beide foarmen njonkeninoar stean. Ik mien te sizzen: Wat is dan yn it Nederlânsk ‘Skarster’? It is de brêge oer de rivier de Skarster dy’t streamt troch de skarren = mienskiplike grûn. Nou, doe je best, zou ik zeggen.

    Sa kin men fierder gean: Ljouwert wie al yn 1038 bekend as Liunwerd, dat gâns mear liket op it moderne Ljouwert as Leeuwarden, dat slim optocht oandocht. (It hat fansels neat mei in ‘liuw’ te krijen). Liunwerd betsjut wierskynlik ‘hichten/wierden dy’t beskerming jouwe. Nou, doe uw best, meneer en mevrouw Den Hollander. Bedenk maar een echt Hollandse naam.

    Frjentsjer: ek sa’n moai trochsichtich gefal. Ûntstien út ‘Frana-eker’, de eker of ikker of it lân fan de frana = lânhear. Meneer en mevrouw Den Hollander wonen niet in Frjentsjer – asjeblieft zeg! – maar in ‘s-Heerenakker. Wat dacht je daarvan? Chic, hoor!

    Ik bin der lyk foar, dat al dy sabeare Nederlânske nammen ôfskaft wurde, tagelyk mei de âldfryske. Binne we fuort fan it ivige geëamel ôf. Sabeare Nederlânsk is yn myn eagen bygelyks ‘Beetsterzwaag’ ‘Beeksterweiland’? ( in sweach is in âld wurd foar greide en beets is beek / bij de beek door de weilanden) en âldfrysk Franeker moatte wy ek mar ferjitte, want dat sizze wy Friezen al 800 jier net mear.

    Mar it seit wat oer JO as jo jo steure oan Frysk yn net-Fryske mûlen. Binne wy einlings safier dat it Frysk troch net-Friezen erkend en oernommen wurdt, is it wèr net goed. De lju wenne der linkelytsen wol oan. Hjir yn Hollân, dêr’t ik wenje, nimme se de modern-Fryske nammen ek al yn ‘e mûle. Se witte dat ik in Fries bin. Ljouwert, Snits, Frjentsjer, It Hearrenfean – ik hear it se út en troch wol sizzen. It heart wat bryk, mar ik priizgje se de himel yn, want sá moat dat: priizgje en beliven net ûntmoedigje en foaral net útlaitsje (hiel ûnfatsoenlik!). Slacht net op jo.

    Jo lêste sin is yn striid mei al it foargeande dat jo sizze. Begryp ik dat goed?

  3. Anonym septimber 30, 15:39

    Lútsen hinget gâns in ferhaal op oan “ferfryskje” yn in betsjutting dy’t Pyt hielendal net bedoeld hat. Hy brûkt de drochreden fan equivocatio om Pyt fan in tinkflater te beskuldigjen. As Pyt seit dat guon gemeenten “it meast ferfryske hawwe”, dan wol er sizze dat dy gemeenten yn tradisjoneel Nederlânsktalige domeinen no it Frysk (al of net njonken it Nederlânsk) brûke. Ien sa’n domein is dat fan de offisjele plak- en gemeentenammen – mei “offisjeel” yn de betsjutting “lykas fêstlein yn de GBA”.

    De namme “Leeuwarden” mei Lútsen dan “slim optocht” oandwaan, it is ien fan de mear as twahûndert skriftlike farianten dy’t troch de ieuwen hinne brûkt binne om Ljouwert oan te tsjutten en oan ‘e foarm moat it ien fan ‘e âldsten wêze. De saneamde Jorwert-brekking (wikseling fan ee nei jou) wurdt nammentlik noch net brûkt en it lûd yn “ward” is noch net ôfswakke.

  4. mbc84 septimber 30, 18:00

    Ja Pyt, wy soenen yn Fryslân ta moatte op in ientalige situaasje, in Frysktalige. Wy hawwe ús al lang genôch foar de gek hâlde litten. En boppedat, Nederlânsk/Nederlân is der genôch! Wêrom moat soks ek in plak yn Fryslân hawwe, wylst ús eigen Frysk nea in earlik plak hân hat? Boppedat, der wurdt dien as wie it Frysk ûnlêsber en ûnbegryplik, mar it is gjin Sineesk!

    En wat soe it dat in Hollanner ‘Burgum’ seit ynstee fan ‘Bergum’? In Hollanner hat it dochs ek oer ‘Lille’ of ‘Götenborg’ en net oer ‘Rijsel’ of ‘Got(h)enborg, de ferâldere Nederlânske eksonimen? Soenen Frânsen en Sweden ek grize fan hoe’t Hollanners it hawwe oer [Liel] en [Cheutenborch]? It sil har in soarch wêze…

    Foar hast alle plakken op ‘e wrâld wurdt it pleatslike endonym brûkt, en net in Hollânske fariant. It komt wol foar dat it Nederlânsk in eigen foarm hat, mar lit harren foaral de eigen foarm hawwe en net ‘oplizze’ oan in oar. Lit ús ús eigen offisjele namme fiere. Wat at in oar der fan makket, moat er sels witte. Ea witten dat it eins fan ‘Dusseldorp’ hjit ynstee fan ‘Düsseldorf’? Hjir ek mei sizzende dat it Hollânsk, yn net- offisjele stikken, gewoan ‘Friesland’ skriuwe moat! Ik sis, net-offisjele stikken. Bygelyks, by in Nederlânske gemeente hearre gegevens, lykas berte- of wenplak, altiten krekt oernommen te wurden sa’t it yn it offisjele dokumint stiet, yn ‘e pleatslike taal.

    Net fan dat tuike-tuike, as it in Hollanner net sinniget, “al dat Fries”, dan hat er genôch plak om nei ta te ferhúzjen om der gjin ‘lêst’ fan te hawwen. En myn segen hawwe se!!

  5. Lútsen septimber 30, 19:56

    @Anoniem: Myn ûntskuldigingen, jo hawwe gelyk, sa hie Pyt it net bedoeld. Hy hie foar de dúdlikheid faaks ‘fernijfryskje’ of ‘op ‘e nij ferfryskje’ skriuwe kinnen. Mar ik ‘beskuldigje’ him fan neat, hear. Sa swier, hoho. Sorry, ik wit net wat equivocatio betsjut. Ik begryp út jo relaas wol, dat de foarm Leeuwarden sa neistenby de âldste wêze moat, dêr’t de foarm Ljouwert út ûntstien is. Dat hat ek wol eigenskip, dat leau ik wol. Mar der wurdt yn de literatuer ek melding makke fan munten dy’t fûn binne, dêr’t op stiet LIUNWERD yn it jier 1000 safolle. Wie dat dóé al in ôfsliten foarm? Hawar, wêr’t it my om giet: dy foarm Leeuwarden moat dan wol as Aldfrysk bestimpele wurde en kin net Aldfrankysk of Aldsaksysk wêze, want dat soe net logysk wêze yn in folslein Frysktalich gebiet, foaral yn dy tiid. As Leeuwarden alsa de âldste Fryske foarm is, stel ik út om ús haadstêd TWA offisjele nammen te jaan en wol: LEEUWARDEN – LJOUWERT. Sa ek mei de oare Fryske stêden: SNEEK – SNITS, HARLINGEN – HARNS , ensafuorthinne. En de doarpen en útbuorrens wurde inkeld modern-Frysktalich. Ik leau, dat sil befredigjend wêze foar de measte minsken. Binne we dêr út.

  6. Tsjerk Bottema oktober 1, 15:31

    Dit berjocht doocht dus net. De diskusje moat net fersmelle wurde ta plaknammen. It giet om it taalbelied. Neffens it Europeesk Hânfêst mei it besteande nivo fan taalrjochten fan de Fryske taal foar de ynwenners fan in gemeente dy’t opgiet yn in grutter gehiel net ferminderje (kêst 4, twadde lid, en 7, lid 1.b). Dat betsjut dus net ientalich Frysk foar elkenien, mar it freget om in differinsjearre taalbelied foar dy gemeenten dy’t troch fúzjes en weryndielings neist stêden ek plattelânsgebieten ta har wurkgebiet rekkenje meie. Dat is de útdaging!

  7. Nynke oktober 2, 13:01

    @Tsjerk: tweetalig is toch mooi, dan kan iedereen zelf kiezen welke taal ze willen spreken. Ik ben voor!
    P.S. kan wel Fries spreken maar niet schrijven, sorry!

  8. Tsjerk oktober 2, 14:04

    Iens!

  9. Erwin oktober 2, 18:28

    Prachtich moai soks, mar it Frysk sil yn in twatalige sitewaasje mei in gruttere taal de striid ferlieze. It tsjûget fan idealisme en benaudens, en seker net fan werklikheid, want yn in twatalige sitewaasje is der ALTYD ien taal dy’t sterker is as de oare. Ik soe sizze; stjoer dy idealisten nei Oerol en net mear fan Skylge ôfkomme litte, lit se dêr mar allegear moai om in fjoerke dûnsje, leafst neaken, en fantasearje oer in twatalige sitewaasje dy’t wurket.

    Boppedat hat Pyt syn ferstân wol aardich ferlern troch twa NL skriuwwizen mei de twatalige sitewaasje yn Fryslân te ferlykjen. Good thought but a bad date.

  10. Johannes oktober 5, 20:06

    Ik wol my net ferbrekke yn Fryslân. Alle plaknammen allinnich yn ‘t Frysk. Sa fluch mooglik oeral dwaan, ek yn Ljouwert. De lêste Fryske nammen brûke, oars wurdt it sa’n soadsje fan âld en nij Frysk.

  11. Anonym oktober 5, 20:35

    Wat kin ‘t no skele, gjin harsens wit wat de offisjele nammen binne. It is folle wichtiger wat der op ‘e buorden stiet, dy sjogge de minsken teminsten.

  12. Jens oktober 6, 11:09

    Anonym: de offisjele nammen wurde op de buorden set, fandêr de diskusje oer plaknammen dy’t hieltyd wer werom komt.

    Ik bin in grut foarstanner fan Fryske plak- en strjitnammen, mar wol per gefal besjen. Yn de Stellingwerven en It Bildt gjin Fryske nammen as earst fansels, mar de dêr wenstige nammen.
    En foar in oantal stêden leit it mear yn de reden de Hollânsktalige namme as namme te brûken, mei de Fryske namme op it boerd derby, lykas no.
    Mar hawar, der binne wichtiger saken as plaknammen!

  13. Anonym oktober 6, 12:29

    Jens: nee, dat is in frij algemien misbegryp. De offisjele nammen wurde opnaam yn it GBA en yn notariële akten, mar dêr sjogge de measte minsken suver nea wat fan.

    Wat der op ‘e buorden stiet, bepaalt de gemeente sels. Yn fierwei de measte gemeenten steane de Fryske en de Nederlânske nammen op ‘e buorden. Soms stiet de offisjele namme boppe, soms de net-offisjele, soms is ien fan ‘e twa grutter as de oare, meastal binne se like grut. Faak steane der ek ferskillende soarten buorden yn in gemeente. Dat is belangryk, want dat sjogge de minsken dy’t in plak yn en út ride alle dagen. Mei de offisjele namme hat it neat út te stean.

  14. Anonym oktober 9, 17:09

    Fan my meie de plaknammen wol yn it Frysk!!! It Frysk is in prachtige taal, al skriuw ik it net altyd goed. De Fryske taal mei him net hûddûkje litte. Want as jo nei in stêd geane lykas Ljouwert, dêr prate net in soad minsken Frysk mear, dêr moast ik wol oan wenne foar ien út in doarpke. Dat fyn ik dan wol hiel spitich. en ik kom hieltyd mear te witten troch it prachtige programma Kanon Fryske skiednis:)
    Wy moatte it Frysk yn stân hâlde troch aloan mear Frysk te brûken. ek al begjinst mei de lytste dinkjes!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.