Ateïsten witte it meast

septimber 30, 2010 11:00

WASHINGTON – Op it mêd fan religy binne ateïsten en agnosten fierwei it bêst ynformearre, alteast yn de Feriene Steaten. Joaden en mormoanen skoare ek goed, wylst katoliken en protestanten amper kennis hawwe fan godstsjinsten, ek net fan har eigen.

Dat docht bliken út ûndersyk fan it Pew Center yn Washington. De ûndersikers hawwe 3.412 Amerikanen in list mei 32 fragen oer godstsjinsten foarlein. Ateïsten en agnosten hienen trochinoar 20,9 fragen goed, protestanten 15,8. Bizar is dat de helte fan de Amerikaanske katoliken net wist dat brea en wyn yn harren tsjerke lichem en bloed fan Jezus symbolisearje.

Blanke Amerikanen witte mear fan religy as negers. Minsken fan Súd-Amerikaansk komôf witte noch wer minder. Minsken mei in hege oplieding witte mear fan religy as minksen mei in lege oplieding.

septimber 30, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Anonym septimber 30, 12:12

    Ateïsten hawwe ek in heger IQ as leauwigen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.