Aksje foar monumint Mungard

septimber 1, 2010 18:31

RISEM-LOONHAM – De Friisk Foriining wol in monumint oprjochtsje foar de Noardfryske dichter Jens Emil Mungard. Dat makket Nais foon diling hjoed buorkundich. Mungard komt fan it eilân Sal/Sylt en hat bekendheid krigen mei gedichten yn it Dútsk en Noardfrysk. Hy ûnderhold ek kontakten mei Westerlauwersk Fryslân.

Mungard stuts syn wearze fan it nazisme net ûnder stuollen of banken. Dêrom waard er yn 1938 nei it konsintraasjekamp Sachsenhausen by Berlyn brocht, dêr’t er yn 1940 omkaam.

De Friisk Foriining besiket fan de provinsje Noard-Fryslân en fan it Nordfriisk Instituut wat jild te krijen om in monumint op te rjochtsjen. Foarsitter Jörgen Jensen Hahn fan de Foriining ropt minsken op om in lytse donaasje te dwaan.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer de Friisk Foriining.

septimber 1, 2010 18:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.