Strideraasje om ôffaloven Harns

augustus 30, 2010 10:00

HARNS – Offalferwurker Omrin hat sneon fierderwurke oan ‘e stoomlieding fan de nije ôffaloven yn Harns, hoewol’t de gemeente de fergunning dêrfoar op 17 augustus ynlutsen hat. Aksjegroep Afvaloven nee, dy’t protestearret tsjin de ferbaarningsynstallaasje oan ‘e Harnzer kust, kaam dêrefter en hat de plysje warskôge. Dy hat it wurk doe stillein.

Omrin is lykwols fan betinken dat de wurksumheden folslein legaal binne en wol moandei gewoan fierdergean mei it wurk.

augustus 30, 2010 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.