Stipe foar duorsume enerzjy

augustus 25, 2010 00:08

It Duorsumheidsoerlis Politike Partijen seit yn in ferklearring o sa optein te wêzen oer de stipe foar har boargersinisjatyf. Omdat der no al mear as 40.000 stipers binne, is it inisjatyf slagge en kin it nei it simmerreses foarlein wurde oan de Twadde Keamer. It Duorsumheidsoerlis, in gearwurkingsferbân fan sân politike partijen, stiet in oergong fan de maatskippij nei folslein duorsume enerzjyboarnen foar. Sjoch ek: Oantrún nedich foar miljeubelied.

It Duorsumheidsoerlis: “Hoewol’t de tidings oangeande it formearjen fan it beëage duldkabinet net al te folle hope jouwe foar de enerzjy-oergong, ferwachtsje wy doch – mei troch ús boargersinisjatyf – de diskusje oer de takomst fan ‘e enerzjyhúshâlding út ‘e politike rinfuorgen helje te kinnen. De opfettings dat te fernijen enerzjy in ‘loftse hobby’ is en dat nije kearn- en koalesintrales ‘needsaaklik’ binne, kin nammentlik hieltyd lestiger oan fêstholden wurde troch in waaksend tal publikaasjes, dy’t no just de ekonomyske foardielen ûnderstypje fan it avensaasje meitsjen mei de enerzjytransformaasje.”

augustus 25, 2010 00:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin augustus 25, 10:59

    Moai om te lêzen dat de diskusje libbet!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.