Rjochtdei by IPCC

augustus 30, 2010 17:57

It IPCC sil yngreven reorganisearje moatte. Dat doch bliken út in hifking fan prosedueres en wurkwizen, ûnder lieding fan de Nederlânske natuerkundige Robbert Dijkgraaf, de presidint fan de Keninklike Nederlânske Akadeemje fan de Wittenskippen, troch de Inter Academy Council (IAC, de ynternasjonale federaasje fan wittenskipsakadeemjes). It rapport dêrfan is hjoed oanbean oan de sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes (FN), Ban Ki-moon.

IPCC stiet foar Intergovernmental Panel on Climate Change. It is in organisaasje fan de FN, oprjochte yn 1988, om de risiko’s fan klimaatferoaring te evaluearjen. It panel bestiet út hûnderten eksperts fan universiteiten, ûndersykynstellings, ûndernimmings en tal fan oare organisaasjes út de hiele wrâld. It IPCC docht sels gjin ûndersyk mar evaluearret ûndersyk dat wichtich is foar it klimaatprobleem. Dêrfoar wurde safolle mooglik wittenskiplike artikels brûkt, mar fakentiden binne dy der net op ‘e tiid en moatte oare boarnen benuttige wurde.

It IPCC kaam op in minne namme te lizzen, doe’t inkele grutte flaters ûntdutsen waarden yn it rapport fan 2007. De IAC is dus ek tige kritysk oer hoe’t it om en ta giet by it IPCC en docht in tal oanbefellings foar ferbetterings. Der moat in útfierend komitee komme mei ek leden fan bûten it IPCC derby. Fierders moat de termyn fan de foarsitter beheind wurde en moat er in útfierend direkteur neist him krije. Der moat ek dúdlik fêstlein wurde oan hokfoar easken de foarsitter foldwaan moat, ûnder mear om belangebetizing foar te kommen. Mei dizze slimme krityk komt de hjoeddeistige foarsitter fan it IPCC, Rajendra Pachauri út Yndia, aardich ûnder fjoer te lizzen.

De IAC hat de ynhâld fan it rapport net hifke. Soks hat okkerdeis it Nederlânske Projektburo foar de Libbensomjouwing al dien. Dat konstatearre dat de haadkonklúzjes oer de klimaatferoaring stean bliuwe (sjoch Needwaar wurdt sljochtdeisk). Dat, hoe grut oft de dusoarder by it IPCC ek is, de klimaatferoaring giet der gewoan om troch.

augustus 30, 2010 17:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.