Opskuor om twatalige molkpakken

augustus 28, 2010 23:59

WENEN – De Niederösterreichische Molkerei hat de ôfrûne dagen in weach fan lilke berjochten binnenkrigen. De reden is dat in protte klanten it net iens binne mei in nije ferpakking dêr’t it molkfabryk syn molke yn leveret: oan ‘e iene kant stiet op syn Dútsk Vollmilch, oan ‘e oare kant stiet Süt, it Turkske wurd foar molke. Fierders stiet der yn beide talen op dat molke langer farsk bliuwt (sjoch foto). De molkpakken binne nammers yn ‘e gewoane supermerk net te finen, se wurde allinnich levere oan sa’n trijehûndert Eastenrykske winkels mei benammen Turkske klanten en produkten.

In protte minsken easkje dat de pakken mei it Turkske opskrift út ‘e hannel helle wurde en op Facebook steane oproppen om de molkpakken net te keapjen.

Minister fan ekonomyske saken Nikolaus Berlakovich reagearret lakonyk: “It stiet elkenien frij om allinnich pakken mei Dútske opskriften te keapjen as de molke dêr lekkerder fan smakket.”

augustus 28, 2010 23:59
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. pizzabakker augustus 29, 14:25

    It lân fan menear Haider
    Das ist leider
    Soms in aaklik lantsje
    Mei in rasistysk rantsje

  2. Nynke augustus 29, 14:35

    Maar iedereen in Oostenrijk weet straks wel wat het Turkse woord voor melk is!

  3. 69meets666 augustus 29, 14:56

    Hjir yn de Benelúks binne wy der wol oan wend dat hast alle ferpakkings yn it Nederlânsk en Frânsk binne, mar yn in protte lannen is it hiel nuver om in bûtenlânske taal op in ferpakking te sjen. Ik fermoedzje dat de Eastenrikers in bytsje skrokken binne en dat efkes ôfreagearje moatte.

  4. Erwin augustus 30, 08:42

    Moaie poëtyske bydrage Pizzabakker!

    @69meets666, it Nederlânsk en Frânsk binne yn de Benelúks autochtoane talen. Ik sjoch dêr noch wol in ferskil.

  5. EE7 augustus 30, 09:20

    Ik sjoch yn de winkel ek wol yochert ensafh. mei bûtenlânske opskriften. Nea oan tocht dat ien dêr in probleem yn sjen koe.

    @Erwin: mar foar in Fries of Grinzer is it Frânske taalgebiet fansels wol fier fuort.

  6. Erwin augustus 30, 10:58

    EE7, kinst fansels ek de kop yn it sân stekke. Fier fuort of net, ik meitsje it ferskil autochtoan/allochtoan om de reaksjes fan de minsken yn Haiderlân te begripen. Ik bin net sa simpel links dat ik it fuort foar bûtenlanners opnim.

    Minsken yn Eastenryk binne fansels benaud dat de Turkske taal yn mear domeinen trochkringe sil. Hja libje dêr yn in (fierhinne) ientalich lân en fine sokke dingen net gewoan. Ingelsk of Frânsk hie ek gjin probleem west yn Eastenryk, dêryn hast gelyk.

    It hat der hjir ek mei te krijen dat it sa grut op de foarkant fan de molkeferpakking stiet.

  7. EE7 augustus 30, 11:23

    69meets666 & Erwin: fierhinne ientalige lannen binne der yn Europa hast net. Oeral binne autochtoane en allochtoane minderheden dy’t in eigen taal prate. Yn Eastenryk moatte dy har blykber hiel stil hâlde, oars wurde se net tolerearre. Tsjin de autochtoane minderheden (Hongaren, Kroäten en benammen Slowenen) wurdt ek in protte ferbale en fysike agresje brûkt. Eastenryk is net fierhinne ientalich, hat dat ek nea west, mar der is in sterke streaming dy’t dat wol realisearje wol. As Dútsktalige Eastenrikers no sels al in probleem meitsje fan in ferpakking mei in bûtenlânske taal derop, dy’t ek nochris allinnnich yn beskate winkels ferkocht wurdt, dan fyn ik dat tige soarchlik.

  8. Erwin augustus 30, 16:46

    Bêste EE7,

    It Dútsk is memmetaal fan 98 persint fan de Eastenrikers. 1 op de 50 Eastenrikers hat in oare memmetaal en dat is suver neat…..

    It tink net dat it in probleem wêze soe as dy taal Frânsk of Russysk wie. Yn Eastenryk fine se dat de Turken net goed ynboargerje en dêrom reagearje se sa…. Do makkest dyn ferhaal hiel algemien en is dêrtroch folslein út syn ferbân helle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.