Leafhawwers rêde rassen

augustus 29, 2010 21:44

Hjoed wie útroppen ta ‘Nasjonale Dei fan it Libbene Erfgoed’ mei as episintrum bûtenpleats Velder by Liempde yn Brabân. Tsientallen seldsume húsdierrassen wienen op it troch de Stichting Zeldzame Huisdierrassen (SZH) organisearre evenemint te sjen. De SZH woe dêrmei omtinken freegje foar de wearde fan dy somtiden omtrint útstoarne rassen. Dy wearde is net allinnich estetysk en kultuerhistoarysk. It hjoeddeistige beslach fee is trochfokke op maksimale produksje ûnder spesifike kondysjes en de genetyske fariaasje is sadwaande lyts. As yn de takomst oare easken steld wurde, kin it produksjefee fan no dêr net oan foldwaan. Boppedat kinne minne erflike eigenskippen har oppenearje troch it iensidich fokjen en kinne feesykten grutte swierrichheden opsmite yn sokke genetysk unifoarme populaasjes. Dêrom is it ek foar de ekonomy fan de takomst fan belang en hâld de âlde rassen yn stân. Lykwols binne it doch suver allinnich de leafhawwers, gauris hobbyboeren, dy’t dy rassen foar útstjerren besykje te hoedzjen. Al is der wol help fan moderne technology: Wageningen Universiteit en Researchcentrum sammelet genetysk materiaal om noch in mooglikheid efter de hân te hâlden om weiwurden rassen skielk werom te fokjen. Dat moat dan troch wyfkes fan besibbe rassen te ynseminearjen en dan wer de jongen dêrfan, ensafuorthinne. 

Hjirûnder in fotoreportaazje fan it evenemint.

Frysk Reabûnt, mei sa’n 300 kij op dit stuit it seldsumste koweras. Doch giet it al wer in stik better as it west hat: yn 1993 wienen der noch mar 17 fan. © It Nijs

Lakenfelder kij, dêr’t op it heden in 1200 fan binne. © It Nijs

Fan de Schoonebeeker skiep hawwe wy noch om-ende-by 1550. © It Nijs

Bûnte geit, dêr’t likernôch in 630 bisten fan oer binne. © It Nijs

Wetterhûn (lofts) en stabij (rjochts) dêr’t respektyflik noch sawat 800 en in pear tûzen fan besteane. © It Nijs

In espeltsje fan de lêste 140 Twintske lânguozzen. © It Nijs

augustus 29, 2010 21:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.