Kriminele Marokkanen yn Fryslân?

augustus 31, 2010 20:35

Nei oanlieding fan de problemen mei Marokkaanske jongerein yn Gouda hat it ministearje fan Ynlânske Saken in saneamde ‘earnstljedder’ nei de Twadde Keamer stjoerd. De ranglist is basearre op sifers fan it KLPD út 2007, en jout de gemeente wer hoe grut oft it oandiel fan de Marokkanen is by de kriminaliteit.

De gemeente Ljouwert stiet op plak 54 fan de probleemlist, It Hearrenfean op it 85e plak. Yn de list steane fierder noch Weststellingwerf (plak 109) en Smellingerlân (147). Yn de oare Fryske gemeenten binne yn 2007 minder as seis Marokkanen it jier foar misdriuwen oanholden.

augustus 31, 2010 20:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin septimber 1, 07:44

    Aansen noch in merkteken yn it ear en in Marokkanestjer op it boarst (griene fyfpuntige stjere mei reade eftergrûn). Hawwe se yn dat ûndersyk ek oare groepen lykas Friezen, Turken, Nederlanners en Antillianen neamd? ”Ut mut net raarder”

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.