Friezen nei Helgolân

augustus 29, 2010 12:23

Op snein 5 septimber om 15.30 oere op Nederlân 2 en  om 18.00 oere by Omrop Fryslân Televyzje en nochris te sjen op sneon 11 septimber om 10.30 oere op Nederlân 2 de dokumintêre ‘Friezen op Helgolân’.

It Dútske eilân Helgolân makke diel út fan it âlde Fryslân dat yn de midsieuwen lâns de seekust fan Noard-Fryslân yn Dútslân oant Noard-Hollân rûn. Ien kear yn de trije jier organisearret de Ynterfryske Rie in treffen tusken de Friezen út dy gebieten. Wat de Friezen bynt, binne de taal en de kultuer. Op Helgolân wurdt noch it Halûnder praat, in eigen Fryske taalfariant. Mar it gebrûk fan de taal nimt bot ôf.

Yn de reportaazje oer Helgolân wurdt de moeting tusken de Friezen folge en fertelle Helgolanners oer de skiednis fan it reade rotseilân. De bewenners wienen yn de twadde wrâldoarloch evakuearre nei oare plakken yn Dútslân. Helgolân wie de útfalsbasis fan de Dútske oarlochsfloat, it eilân waard nei de oarloch troch de Ingelsen folslein plat bombardearre.

augustus 29, 2010 12:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.