Fjouwer graden

augustus 31, 2010 18:34

Seis helske wytgingen (profesijen) ferkundiget wittenskipssjoernalist Mark Lynas. Wittenskiplik ûnderboud, want oars as it IPCC brûkte Lynas allinnich ‘peer reviewed’ literatuer.  Syn graad-foar-graad ‘reisgids’ foar takomstige wrâlden dêr’t men net hinne wol, liket kar-út te jaan. As hoegden wy mar te draaien oan de klimaattermostaat om te beskieden hokfoar hûnen wy giseljen sjen wolle. As it minskdom bygelyks noch oan 2050 ta trochgiet mei it opstoken fan hieltyd mear fossile brânje en lang om let de CO2-konsintraasje beheint ta 550 ppm (op it heden is dy 387 ppm) bedarje wy yn ‘e hjirûnder beskreaune 4-gradewrâld. Mar Lynas leit út dat wy winliks net folle te kiezen hawwe, want sa’t wy foarrige kear seagen, is de kâns grut dat trochgeande klimaatferoaring boppe 2 graden ferheging net mear te kearen wêze sil: de termostaat rekket fan aaien. Ien graad is no al net mear foar te kommen, dat de kar is allinnich noch mar tusken twa graden, mei in emisjepyk fan 400 ppm, dy’t wy al yn 2015 (!) helje moatte, of mear. As wy foar mear kieze, dat wol sizze as wy net fanwegenkomme, belânje wy fansels by de fjouwer graden, oftewol yn trochsneed 3,1 – 4,0 ºC wrâldwide temperatuerferheging sûnt it pree-yndustriële tiidrek.

Iisskosse Ross

De West-Antarktyske iiskape leit foar in grut part mei de ûnderkant ûnder seenivo en is dêrtroch wif. Twa kolossale iisskossen, suver sa grut as Frankryk en tusken de 200 en 400 meter tsjok, Ross en Ronne, weitsje oer it efterlizzende iis, mar yn de 4-gradewâld begjinne hja te ranen. Seewetter kin dan yn de iiskape trochkringe en him fan ‘e seeboaiem optille. Dêrtroch hoecht dat iis net earst allegearre fuort te teien om derfoar te soargjen, dat de seespegel 5 meter omheechkomt en sadwaande kin dat yn in pear desenniums syn beslach krije.

De iisskossen fan Antarktika. Fierwei de grutsten binne Ross (ûnder, read) en Ronne (boppe, blau).

Fangefolgen ferdwine stêden as Aleksandrië, Venetië, Londen, New York en Boston yn de weagen. De East-Antarktyse iiskape leit foarearst goed bewoartele op it Antarktysk kontinint, mar dy sil op it lêst ek fuortteie en tegearre mei de iiskape fan Grienlân de seeweterspegel wrâldwiid mei 65 meter ferheegje. It sil in jiermannich duorje, mar geologyske bewizen toane oan dat de 4-gradewrâld in wrâld sûnder iis is.

Aleksandrië, dat yn de mear as twa milenniums fan syn bestean al aardich wat bouwurken oan it wetter priisjaan moatten hat, sil yn de 4-gradewrâld alhiel yn ‘e weagen ferdwine as de see grutte parten fan de Nyldelta opeasket.

Troch dy ûntjouwing sille yn it hege noarden nije lânbougebieten ûntsletten wurde  – al hoecht it ûntteien fan de noardlike toendra’s net perfoarst goede lânbougrûn op te smiten – en troch de hegere CO2-konsintraasjes bringe lânbougewaaksen mear op. Mar de foardielen dêrfan kinne lang meunsterje tsjin it ynstoarten fan de lânbou yn Sina, Súdwestlik Noard-, Sintraal- en Súd-Amearika, it Middellânske Seegebiet, it westlik part fan it Yndyske subkontinint, súdlik Afrika en Australië. Op dy plakken wurdt it mei minder delslach, minder rivierwetter en it optsjen fan woastinen te droech of wurde simpelwei de temperatueren te heech foar de gewaaksen. Europa wurdt der net by sparre mar kriget te meitsjen mei moannenlange hjitteweagen oant yn ‘e winter en simmerdeis temperatueren fan 45 ˚C yn Londen en 48 ˚C yn Bazel; en nea wer sniepoppen. Meidat de Alpen har gletsjers kwytreitsje, ferbart it kontinint syn wettertoer en ferdroeget benammen it Easten en Suden. Lykas yn Teksas 20.000 jier lyn bard is, sille bêste lânbougrûnen ek yn Europa troch stjalprein fuortspiele en fan droechte yn woastenijen feroarje. Mei it ûnderútgean fan it iene nei it oare produksjegebiet binne de nôtskuorren fan de wrâld net mear fol te hâlden. Hûnderten miljoenen minsken moatte ferfarre, yn ‘e grutste folksferhuzing ea. Yn neifolging fan eardere beskavings yn de âldheid fan Sina en it Heine Easten, dy’t nei alle gedachten al troch in temperatuerferoaring fan in pear tsienden fan in graad belies jaan moasten, sil ús hjoeddeistige beskaving foar it neist telider gean. 

Fruchtbere weetfjilden (boppe) rûnom op ‘e wrâld sille by de plus 4 graden erodearje ta koarkdroege geaen, lykas dy dy’t no as gefolch fan in eardere natuerlike klimaatferoaring yn Teksas te finen binne (ûnder).

Ornaris hâlde ekosystemen de boel yn lykwicht trochdat se útsjitters delbêdzje: reinwâlden bringe buien tewei, oseanen nimme CO2 op en slaan de koalstof del yn kalkstien, natuer hâldt koalstof fêst. Mar om’t al dy ekosystemen sa bot oantaast wurde troch de minske, docht dy rem it net mear sa goed. Krekt oarsom, want it earste teiwaar yn 3 miljoen jier yn ‘e Noardpoalkrite bringt, nei it ferbaarnen fan de Amazône (sjoch: trije graden) noch wer ris in bats koalstof yn ‘e atmosfear. Diskear bart dat yn ‘e foarm fan metaan trochdat mei it ûntteien fan ‘e permafrost, in proses dat op it heden al út ein set is, de noardlike toendra’s feroarje sille yn sompen. Troch de bombidige koalstoffoarrieden dêre en de sterkere broeikaseigenskippen fan metaan sil de klimaatferoaring noch wer mear fuortsterke wurde. Wittenskippers hawwe noed dat de minskheid oars net mear dwaan kin as tasjen, wylst de temperatuerferheging trochsjit nei fiif graden.

Mei it ûntteien fan de permafrost feroarje de noardlike toendra’s  yn sompen dêr’t de koalstof, dy’t yn it fean dêre opslein leit, ûnder soerstofleaze kondysjes troch mikro-organismen ôfbrutsen wurdt ta metaan, dat ferfljocht yn de atmosfear, sadwaande it opwaarmjen fierder fuortsterket en ús de 5-gradewrâld yn triuwt.

augustus 31, 2010 18:34
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin septimber 1, 07:57

    Mar no de grutte fraach, kinne wy yn sa’n wrâld noch wol libje? En sille de feroarings net sa stadich op gong komme dat it minskdom him derop oanpasse kin?

  2. Nynke septimber 1, 19:51

    @Erwin: aanpassen? Maar in de evolutie betekent aanpassen toch dat degenen die tegen de verandering kunnen blijven leven en dat de rest doodgaat. Daardoor krijgen alleen de wezens die er tegen kunnen kinderen/jonkies en dan is het leven aangepast aan de nieuwe omstandigheden. Dat lijkt me niet echt een leuk idee.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.