Elske de Wall, stjer?

augustus 10, 2010 11:30

It giet goed mei Elske de Wall. De stjer fan Elske, dy’t yn Feanwâlden berne is, is oan it riizjen.  Har  earste cd is út en dy wurdt omraak draaid op de radio. Giel Belen hat har in ekstra triuw jûn troch te praten oer Elske yn ‘De Wereld draait door’. Har nije cd hjit fan ‘Balloon Over Paris’ en is Ingelsktalich.
Elske de Wall is yn Fryslân populêr, fansels omdat se út Fryslân komt, mar ek troch de fertolking fan it ferske ‘Dûnsje’ mei dy fan Cohen.

It ferske is op Youtube al mear as 20.000 kear besjoen. Op 29 july wie se te gast yn de show fan Michiel Veenstra. Hja song dêr in ferske fan har eigen cd, mar ek ien fan Frans Bauer. Ditselde ferske is yn in pear wike tiid al mear as 7.000 kear besjoen. De reaksjes op it ferske binne lyrysk.

Sjoch hjir.

augustus 10, 2010 11:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. gogem augustus 10, 12:29

    Is dit fanke dejinge dy’t it Frysk folksliet sjonge mocht by Hearrenfean-PSV? Sa ja, dan moat se noch wol efkes oefenje 🙂

  2. Erwin augustus 10, 12:38

    Ik seach it op de televyzje, wat in prakke!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.