Dielt Wilders no de lekkens út?

augustus 3, 2010 15:49

In pakt mei de duvel yn eigen persoan? Persoanlik fyn ik it ûnfoarstelber wat der bart. Regearje mei de duldstipe fan in partij, dêr’t mar ien persoan lid fan is. Mei in partij dy’t syn logo bot lykje lit op dat fan de NSB, de ekstreemrjochtse wjergader fan PVV fan foar de oarloch? In partij dêr’t tal fan wittenskippers fan sein hawwe dat er as ekstreemrjochts te betiteljen is. En dy’t troch ekstreem-rjochtse figueren holpen is by it foarmjen fan de kieslisten. In partij dy’t yn syn program letterlik skreaun hat: ‘De Partij voor de Vrijheid wil de vrijheid van rechters aan banden leggen.’  Hoesa frijheid? Mei it ymplisite dielnimmen fan Wilders oan de macht beheine jo dy frijheid dus. De rjochtssteat dy’t dochs al oan it ôfgliidzjen wie, wurdt diktearre troch in pear politike machthawwers ynstee fan ûnôfhinklike rjochters.

Hy (Wilders, want eins kinne jo net oer in partij prate as ien persoan alles bepaalt) hat in paragraaf yn it program, dy’t hjit fan ‘Kiezen voor democratisering’ en dêryn kiest er ûnder oaren foar ien nasjonale polysje en stelt, dat de taken fan de provinsjes yntwongen wurde kinne en dat gemeenten koarte wurde moatte. Mar dat betsjut krekt dat it bestjoer noch fierder fan de boarger ôf komt te stean. Ommers, net mear yn de regio, mar fier fuort yn De Haach. Op dit stuit beslute bygelyks gemeenterieden noch oer polysjejierplannen. Lokaal, op mjitte en op basis fan it ferlet. Yn it program stiet op bledside 15: ‘Voor vreemdelingen geldt: werken of wegwezen. Geen baan = geen plaats in Nederland’ en ‘Assimilatiecontracten. Niet tekenen of niet naleven = het land uit’. Ferskate kearen haw ik heard dat de klup fan Wilders frjemden, moslims en kriminelen op transport stelle wol. Wêrhinne? En, wêr hawwe wy dat faker heard?

augustus 3, 2010 15:49
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Erwin augustus 3, 22:37

    Der binne seker oerienkomsten mei de tiid fan foar de Twadde Wrâldoarloch. In protte minsken wolle fan dy ‘ferfelende allochtoanen’ ôf. Der ‘fan ôf reitsje’ kin net of it moat sa wêze dat se allegear mar dea moatte en sa moatte wy mar net. Yn Nederlân is der stadichoan in kultureel ferskil: Fryslân en Grinslân (Drinte foar it grutste part ek) binne hiel bot links wylst de rest fan Nederlân mear rjochts is.

    Wy prate tenei fan nije Friezen en net fan allochtoanen. Ik tink wol dat der yn Fryslân no earst wol genôch nije Friezen binne en dat dy earst mar goed yn de mienskip opnaam wurde moatte foardat der in nije weach komt.

    Neffens my liket it logo fan de PVV net op dy fan de NSB, mar dat kin subjektyf wêze:
    http://fy.wikipedia.org/wiki/Nasjonaal-Sosjalistyske_Beweging

  2. Sybren augustus 4, 08:45

    @ Erwin: Ik tink dat ik net dúdlik wie mei de keazen terminology fan ‘logo’ want dêr kinne jo alle kanten mei út. Watsto fûn hast, is net dêr’t ik op doel. Lês it neikommende stik mar ris: http://www.historischnieuwsblad.nl/00/hn/nl/156/nieuws/10749/Wilders_gebruikt_'besmet'_logo.html. Neffens polityk histoarikus Gjalt Zondergeld is de gelikenis treffend tusken de seefûgel fan de NSB en dy fan de PVV.

  3. Sybren augustus 4, 08:49
  4. Sybren augustus 5, 14:40

    @ Ronald, as politike partij sil de FNP benammen mei arguminten sjen litte moatte dat de polityk fan Wilders net suver is. Wy kinne de PVV net ferbiede, dat sil in rjochter dwaan kinne as de PVV saken docht dy’t tsjin de wet yngeane. Yn in wiere demokrasy moatte jo ek net te gau partijen ferbiede trouwens. Nei alle gedachten sil de PVV takom jier meidwaan oan ‘e Steateferkiezings fan Fryslân. Dan sil de FNP op ferskate manieren sjen litte dat de fisy fan Wilders gjin oplossing biedt foar de problemen fan Fryslân en it ferlet fan ús befolking. It is ek net foar neat dat der yn Fryslân ek in relatyf leech persintaazje fan de minsken op Geert Wilders stimd hat. De minsken hawwe hjir wol yn ‘e gaten dat de polityk fan Wilders stjonkt.

  5. Tabko augustus 11, 17:18

    Ik bin it ynhâldlik iens mei Sybren. De PVV is yn wêzen in partij dy’t de demokrasy en de rjochtssteat oantaaste wol. It is my benammen fan it CDA ôfgryslik ôffallen dat dy regearje wol mei duldstipe fan sa’n partij.

    It is wol tige wichtich om yn diskusjes oer de PVV suver te redenearjen. Dat it logo fan de PVV op dat fan de NSB liket, seit neat oer de ideeën fan dy partij en in retoaryske fraach lykas “Wêr haww wy dat faker heard?” binne populistyske middels om jins gelyk te heljen, gjin arguminten. Ta dat nivo moatte wy ús net ferleegje wolle.

    Troch de media krije minsken de yndruk dat ymmigranten massaal krimineel binne en dat de beskermingsmeganismen fan de rjochtssteat en de demokrasy benammen kriminelen beskermje. Minsken binne oer it generaal net sa goed ynformearre. As politisy de PVV keare wolle, sille se sjen litte moatte dat de werklikheid oars is: dat de measte ymmigranten gewoane minsken binne en dat de rjochtssteat en de demokrasy wolris yn it foardiel fan in krimineel útpakke, mar dochs benammen ús beskerming tsjin de willekeur fan de oerheid binne.

    Sa’n boadskip moat hieltyd op ‘e nij ferkundige wurde. Helje de simplistyske slogans fan Wilders mei arguminten ûnderút en tink net dat minsken nei de earste kear oertsjûge binne. Jou tsjinarguminten, twa kear, trije kear, hûndert kear as it moat.

  6. Cornelis van der Wal augustus 17, 19:41

    Wolle wy noch by Nederlân hearre wannear’t de PVV oan de macht komt? Bring jo stim út op: http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?p=1036

  7. Lyts Jonkje augustus 26, 00:54

    Sa’n kearel moatte wy hjir net wolle. Dat it CDA en de VVD dêr mei regearje wolle is my in riedsel.

  8. Johannes augustus 26, 12:26

    Wy binne allegearre op dizze wrâld en sille it dermei dwaan moatte. Dêr’t it earm is sille minsken it better sykje. As wy dan ek noch dy minsken net sels harren jild fertsjinje litte en kinne en jouwe harren ek net de romte dêrfoar, dan helje se it hjir. Dy nimme harren leauwen mei en wy moatte harren de gelegenheid jaan om dat hjir te belibjen. Dan sjogge se letter wol yn, dat dat leauwen ek neat is. Krekt sa is it bard mei it kristlik leauwen. Minsken dy’t op de PVV stimme, witte net folle en skelle altiten. En fleane fan ‘e SP nei VVD en no nei de PVV. It lid Geert Wilders komt fluch en is samar wer fuort. Sa fluch as hy oan it regear komt, moat hy wetter yn ‘t waad dwaan en sille de minsken wer op in oar stimme. De flagge kin út as Geert dit docht, hy is samar wer wei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.