De mindere man

augustus 30, 2010 16:59

De skoalle hat de measten fan ús leard yn it Hollânsk te antwurdzjen as wy yn it Hollânsk oansprutsen wurde. Dat kin derta liede dat in hiele seal Hollânsk praat foar ien persoan. It is reedlik om dat foar in nijeling in kear te dwaan, mar as it altyd mar sa giet, dan moat men wol in gefoel fan minderweardigens krije. It is ommers in dúdlik gefal fan ûngelikense behanneling.

Wy krije dan it gedrach fan “ús soarte minsken”, dy ‘t alles dochs net befetsje kinne en dy’t op alle mûglike menieren “pakt wurde”. Yn it ekstreme gefal wurdt men dan PVV-stimmer. Ek de lege stúdzje-ambysje fan gâns Fryske âlden foar har bern kin dêrmei te krijen hawwe.

Oarspronklik sil dy skoalle-gewoante wol te krijen hawwe mei machtspolityk fan steat en tsjerke, mar it is dúdlik dat soks no net mear effisjint is. En lykas yn dit dúdlike Fryske gefal sille der wol folle mear tradisjonele diskriminearjende effekten yn ‘e Nederlânske maatskippij sitte. It wurdt dan heech tiid om dat ris te analysearjen en te ferbetterjen, want it jout tsjintwurdich allinne mar lêst.

Pyt

augustus 30, 2010 16:59
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Erwin augustus 31, 07:47

    Ik seach krekt it stikje fan Kees Veenstra stean. It liket wol oft hieltyd mear minsken tsjin it Frysk binne, lês de reaksjes mar by berjochten oer it Frysk op de Ljouwerter Krante webside. Soest hast wol tinke kinne dat minsken hieltyd mear tsjin de Islam en tsjin it Frysk binne. Yn de provinsje kinne wol politike partijen sitte dy’t it Frysk moai fine mar dat is net genôch.

  2. pyt Skriuwer augustus 31, 10:30

    It is wier net sa dat de Friezen hjir de iennichste slachtoffers binne. Binnen in pear jier fertelden trije minsken út ûnderskate parten fan’e provinsje my spontaan, dat hja troch Friezen útlake waarden doe’t hja as Hollânsktaligen Frysk besochten te praten. Dat is abnormaal gedrach, wat liedt ta isolaasje, iensumens en skieding fan groepen. Leau mar net dat myn Ingelsktalige kollega’s útlake waarden om har soms bryk Hollânsk!

  3. Erwin septimber 1, 07:47

    Uuuhhh Pyt, hie ik soks sein of woesto it noch graach kwyt dat Friezen net de iennichste slachtoffers binne…..? Ik hie bewust al de Islam neamd omdat oars oare minsken fuort al begjinne mei al it oare leed yn ‘e wrâld en it eigenlik ûnderwerp ferjitte….

  4. pyt Skriuwer septimber 1, 20:21

    Eins bedoelde ik it bysûndere effekt, dat yn dìt ‘konflikt’ bèide partijen skea hawwe fan de tastân sa’t dy is. Dat soe in ekstra stimulâns jaan moatte om der wat oan te dwaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.