De Ljouwerter krante as rabbelblêd
Resint ferskynd
Reaksjes op it nijs yn de Ljouwerter krante komme meastal net fierder as wat oerflakkich gerop. De Ljouwerter Krante lokket dat ek graach út en ferleget himsels stadichoan mear ta rabbelblêd. As der net gau genôch in skellerij op it Frysk ûntstiet, dan feroarje se de kop fan it artikel. Sa wie de earste kop boppe it artikel oer in brief fan de Ried fan de Fryske Beweging om 12.00 oere ‘Tien puntenplan om Fries te stimuleren‘. Om 12.30 oere hiet it: ‘Zes uur Fries per week op alle scholen’ en doe’t dat skynber noch net genôch holp waard it om 16.30 oere ‘Spreek 6 uur Fries per week op alle scholen'(http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/regio/article6350289.ece/’Spreek-6-uur-Fries-per-week-op-alle-scholen’). En doe hie de redaksje syn sin en koe de skellerij begjinne. Want al dy roppers ha net lêzen wat de Ried fan de Fryske Beweging werklik skreaun hat oan de partijen yn de steaten. Se geane op in kop ôf en ferpoffe it om har yn te spannen om it hiele stik te lêzen.
Dat de Ljouwerter neat ha moat fan it Frysk, wurdt alle kearen wer dúdlik as it oer it Frysk giet. Berjochten dêroer wurde it leafst begekke en te spot makke en oars wol sa oanklaaid dat by tsjinstanners fan de Fryske taal it hier der wer fan oerein giet. Troch de klam te lizzen op it wurdsje moeten yn har berjochten, jeije se in protte minsken yn de gerdinen. (Wêrom moatte berjochten oer it Frysk eins yn it Hollânsk?) As it om it Frysk giet dan moat der neat. Dan is it allegearre frijbliuwend en o sa hoeden. It is de Friezen de lêste ieuwen goed ynpipere: jimme moatte fatsoenlik bliuwe en jimme oanpasse. Dat lêste wol der by de grutte massa tsjintwurdich wol yn: al dat frjemde folk heart him te skikken nei de rânestêdlike libbenswize. Dat is ta noarm ferheven en alles wat dêr net oan temjitte komt is achterlik en net fan dizze tiid. In protte Friezen fersette har al lang net mear en ha har derûnder deljûn. Se skamje har foar har Fryske ôfkomst en wolle út noch yn net dat se oan harren hearre kinne wêr’t se weikomme. Dat sil harren bern net oerkomme en dêrom leare se harren in Hollânsk mei in Frysk aksint en idioom. Dêr knapt de wrâld fan op. Sokke slemilen ferjitte dat wa’t immens taal fersmyt, de hiele persoan net foar fol oansjocht.
De Ried fan de Fryske Beweging besiket de Friezen har hjir bewust fan te meitsjen. Wêrom soe de âldste noch besteande taal oan de Noardseekust gjin rjocht fan bestean mear ha? De Ried hat him as taak steld op te kommen foar de rjochten fan de Fryske minsken en har taal, sûnder oaren te koart te dwaan. It soe de Ljouwerter en de roppers en skellers yn har krante siere as se dêr respekt foar opbringe koene en yn plak fan te lekskoaien har stientsje bydroegen oan it befoarderjen fan de lykberjochtiging fan it Frysk. Jabik
Ien skriuwer set de wrâld hielendal op syn kop mei de opmerking: “Friestaligen willen niet integreren en doen aan uitsluiting”. Dat der guon Hollânsktaligen binne dy’t har net oanpasse wolle yn Fryslân komt net by him op.
Dat Frysk de autochtoane taal fan Fryslân is witte in protte minsken skynber net. Dat is der fansels fier by troch mar it is wol de wierheid!
Der wurdt faak troch Ljouwerters dien krekt oft Ljouwert gjin Fryslân is en dat it in net-Fryske stêd is, mar dat is folslein ûnsin! Fan âlds is it in Fryske stêd, wat sille wy no krije?! En boppedat binne der hjoed-de-dei wer in protte mear Frysktaligen yn Ljouwert as in stik of wat jier werom. Tenearsten sette hieltyd mear Fryske jongelju harren nei wenjen yn Ljouwert, om ûnderwiis of wurk. Dêrnêst komme in soad Frysktaligen dy’t yn ‘e omkriten fan Ljouwert wenje yn ‘e stêd te wurkjen, nei skoalle te gean, te boadskipjen ensfh. Is Ljouwert de Friezen ûntnommen om’t der net safolle Frysk praat wurdt? Is Rotterdam bygelyks ek in net-Hollânske stêd om’t der oare talen praat wurde?
Ljouwert is tige Frysktalich, mar it is suver in skûltaal. De Frysktalige jongerein praat hieltyd faker Hollânsk meiïnoar mei it ferlechje dat se no ienkear wend binne om Hollânsk ûnderinoar te praten en dat fryskpraten no frjemd wêze soe. Hja hawwe inoar ommers kennen leard yn ‘t Hollânsk, omdat dat no ienris de standert is yn kontakt mei oare, frjemde minsken…
Ik haw sa yn ‘e jierren dochs in soad Frysktaligen kennen leard dy’t yn Ljouwert wenje. Se binne faak Nederlânsk oriïntearre, Ljouwert is ommers gjin Frysktalige stêd sa hawwe sy altiten leard, en it Frysk sjogge jo sowieso nearne. Guon bern wurde yn Ljouwert grutbrocht yn it Hollânsk wylst harren heit-en-mem dochs Fryskpraters binne… Yn ‘e fredesnamme!
Ik praat yn Ljouwert konsekwint Frysk en sa falt my op dat der genôch Frysk yn Ljouwert praten wurdt, as de Friezen ek séls mar mear Frysk prate, mei-inoar en ek as standerttaal nei bûten ta. Sels yn Ljouwert wenne, altiten myn bêst dien sa folle mooglik Frysk te praten, mar it foel/falt bytiden net ta… Der is eins gjin Frysktalige ynfrastruktuer, der is gjin reewilligens, by de Friezen likemin as by de Hollânsktaligen.
De Ljouwerter skiednis is ”Frysk genôch”
http://fy.wikipedia.org/wiki/Skiednis_fan_Ljouwert
Nea yn Ljouwert wenne, mar koe my altyd skoan rêde mei it Frysk.
Noch eefkes folhâlde en it rabbelblêd LC is oerlevere oan de gritsen fan in pear sakeminsken!. Hjirmei is dan ek in ein kaam oan it fuortbestean en de selsstannigens fan de LC. It Frysk deiblêd kin dan as krante yn gearwurking mei Omrop Fryslân de nije romte opfolje en de Fryske taal hat wer mear kânsen ta sjoernalistike ûntwikkeling. Sjoch mail ûnder.
Zakenbank ziet Telegraaf en Wegener als kopers Leeuwarder Courant
(tekst: Villa Media)
‘Twee kopers voor NDC|VBK’
Zakenbank Petercam acht de Telegraaf Media Groep (TMG) of Mecom/Wegener de ideale partijen om de Leeuwarder Courant over te nemen. De bank lanceert deze mening in reactie op berichten dat de krantentak van NDC|VBK te koop staat. Beide mediabedrijven hebben volgens de zakenbank voldoende financiële middelen en kunnen met de aankoop aanzienlijke kostenvoordelen bereiken.
Onder druk van huisbankier ING bereidt NDC|VBK een opsplitsing voor. Deze zal vermoedelijk uitmonden in de verkoop van de krantentak, die het Dagblad van het Noorden en de Leeuwarder Courant uitgeeft. Petercam meent dat TMG en Wegener besparingen op de druk- en distributiekosten kunnen realiseren. De zakenbank merkt wel op dat de overname slechts kan plaatsvinden nadat het nieuwe kabinet de reeds voorbereide marktliberalisatie heeft doorgevoerd, zo meldt de Financiële Telegraaf.
Datum: Donderdag, 2 September 2010
Stikje fan Piter de Greate, juster yn de Ljouwerter krante woe ik jim net ûnthâlde.
@Piter: faaks helpt it as de plaknamme “Leeuwarden” feroaret nei de fúzje mei Boarnsterhim yn Ljouwert. Dan moat de namme fan de “Leeuwarder courant” ek grif feroarje yn Ljouwerter krante. Miskien komt der dan wer wat mear Frysk yn de krante.
Leeuwarder Courant 17 september 2010 , pag. 14
De grime fan Jabik
DWERS
Troch pieter de groot
Ien fan myn favorite hiemsiden is itnijs.nl, de deistige digitale nijsfoarsjenner fan de Ried fan de Fryske Beweging.
De rubriken wrâld-, Nederlânsk en Frysk nijs wurde alle dagen ferfarske troch in nustje op it ynternet
beskikbere boarnen ôf te streupen en de foar Frysklêzers relevant achte berjochten te ferfryskjen.
Ik haw my earder alris earder ôffrege oft de Ried de boarnen om tastimming frege hat lit stean derfoar betellet.
Doe’t ik foarsitter Jabik van der Bij derop ferge, andere hy beret dat se fuortendaalk ophâlde soene as ‘de Ljouwerter’ it Frysk as nijsmedium like serieus nimme soe as it Hollânsk. Salang’t dat net it gefal is, fiere se har
ûndergrûnske aksje.
Spitigernôch set de aksje gjin seadden oan ’e dyk, krekt oarsom neffens Jabik: okkerdeis stuts er yn in grimmitige kollum op itnijs.nl syn argewaasje oer dit ‘rabbelblêd’ net ûnder stuollen of banken. De krante soe it Frysk net inkeld net serieus nimme, mar it ek kear op kear mei de gek beslaan, en ,,as der net gau
genôch in skellerij oer it Frysk ûntstiet, dan feroarje se de kop fan it artikel’’. Dat artikel wie in berjocht op de LC-ynternetside oer in brief fan de Ried oan de politike partijen yn de steaten. Om12.00 oere stie boppe dat berjocht: ‘Tienpuntenplan om Fries te stimuleren’, om 12.30 oere wie de kop feroare yn: ‘Zes uur Fries per week op alle scholen’, en om 16.30 oere yn: ‘Spreek 6 uur per week Fries op alle scholen’. Jabik: ,,En doe hie de redaksje syn sin en koe de skellerij (fan de reaguurders, dG) begjinne.’’ Bêste Jabik, ik wol dy hjir net fan dyn ûngelyk oertsjûgje,
de argewaasje oer krantekoppen is fan alle tiden en wa’t dêr – as opsteller fan brief of parseberjocht – it slachtoffer fan is, stroffelet der it earst oer.
Mar de ynsinuaasje dat de redaksje hjir kollektyf in komplot tsjin it Frysk en de beweging smeit, moat ik dochs bestride. Dêr hat in hûndertkoppige redaksje de tiid net foar. Krantemeitsjen is minskewurk, en as it derom giet om op it ynternet fan oere op oere aktueel te wêzen, dan is it de taak fan ien fan dy hûndert redakteuren om sa gau mooglik dat – yn dit gefal wiidweidich – brief fan de Ried koart gear te fetsjen. Dat der dan earst in neatsizzende kop boppe komt, is him/har ferjûn. Dêrnei hat hy of sy de tiid om it brief op syn nijswearde te hifkjen en dêrneffens de kop oan te passen. De fraach is net oft de kop de lading fan 1 oant en mei 10 dekt, dat is ûnmooglik, mar oft de kop dóócht. En sawol de kop fan healwei ienen as dy fan healwei fiven foldocht oan dat kritearium. Under punt 2 skriuwt de Ried oer it underwiis: ,,De bepalings yn it Hânfest (…) moatte yntegraal neilibbe wurde. Dat betsjut in ‘oanmerklik’ diel yn it Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis (yn 2015 alle skoallen minimaal 6 oeren wyks, as fiertaal).’’ De koppen binne neutraal, mar wurde troch de reaguurders ynkleure op in manier dy’t Jabik noch de redaksje noasket, mar dy’t net foar te kommen is. Skelle op it Frysk is fan alle tiden. Trochdat it ynternet dêrfoar in maklike útlitklep biedt, liket it oft de skellerij allinnich mar tanommen is, mar it giet mar om in lyts keppeltsje ‘leafhawwers’ dat my ek út en troch mei hatemail bestookt, en dêr’t men jin mar net drok, lit stean lulk, om meitsje kin. Itnijs.nl lit oars sjen hoe driuwend oft it ferlet fan goed Frysk ûnderwiis is, net inkeld foar krantelju mar ek foar de oersetters fan de Ried.
Justermoarn lies ik: ‘Kei yn stâl slim siik. Hûndert tûzend kei yn Nederlân leie in protte pine troch jaar of klau-ûntstekkings. Dat seit Wakker Dier yn in rapport wat juster is útkaam.’’ No ja, ik wol net ‘jijbakke’, dat ik hâld mar op.
_ pieter.de.groot@lc.nl
De steat fan it Frysk
In pear jier lyn waard it sjeumodel Doutsje Kroes oanbean as ambassadrise fan it Frysk. Deputearre juffer De Vries, wethâlder Houkje Rijpstra en Jabik van der Bij wie it moai slagge om har tasizze te litten it eachlid op ‘e slompe en de lippe yn in krul te setten en te hymjen: ‘praat mar Frysk.’ De trije tochten dat sy mei har ferliedingskeunst de rêding wêze soe fan it troch de Frysktaligen sels ferturtearze Frysk. En dat woene ek oaren hawwe dy’t likemin wat begripe fan de wrâld bûten de eigen keamer. Wilens is Kroes swier fan in Karaibyske plaatsjespiler mei yndie kroltsjehier en wol se út noch yn net dat de trije mei oanhing fine dat se har bern (ek) yn it Frysk opbringe sil. Net de krekte eleminten, mar wol de line fan it barren wie trije jier folslein foarsisber. De trije mei oanhing hawwe yn alle gefal op taalmêd yn 25 jier neat leard.
In oare boppeslach is de beneaming fan Aalex Riemersma ta lektor (ta wat?) yn it trochskowen fan it Frysk nei it mondiale plak ûnder sinne. It moat net gekker. De man hat syn hele libben in statyske geast hân en dy sil, lykas mines, by it âlder wurden stiver wurde. Hy is it bêste foarbyld fan de ferkearde taalbefoarderer.De libbenslange wiisnoas yn de feilige beskerming fan de wurkkeamer. In man dy’t neat wit fan de echte wrâld. It Frysk hat krekt in libbene persoan mei flêr en sosjale feardigens noadich, ien dy’t doart te fjochtsjen. Ien dy’t it Frysk yn é hûs leard hat en net ien -lykas hjoeddedei sa folle yn de ‘Fryske beweging- dy’t it leard hat om it baantsje of om der by te hearren.
Dit wurdt ien papierbrij en ôfskowerij , wylst alles rjochte wêze moat op prasktysk, deistich taalgebrûk . Sykje in tweintiger dy’t yn alles sa linich as lekken is.
Dan is der it trelit om Durk van der Ploeg hinne. Benammen Josse de Haan en Elske Schotanus spuie Van der Ploeg op it festje omdat dy de Fryske literatuer leechlein hat. Mar hy spriek it skelle lûd fan de wierheid: ‘it is in protte blaba en kabaal, mar it stelt neat foar.’ Van der Ploeg hat net alline gelyk, hy hat ek rjocht fan sprekken. Hy hat in grut oeuvre en wichtiger, hy wurdt hast as ienige lêzen. En dat wurde no krekt de moaiskriuwende wiisnoazen De Haan en Riemersma net. Oergeunst?
@Jelle,
Wat is dan dyn fyzje om ús fryske taal út syn ûndergeskikte maatskiplike posysje te krijen en dat dy hjir rûnom yn Fryslân wer foar master opslacht?
Dé boppeslach
It Frysk kin net wer foar master opslaan, omdat nea ofte ninter dy taal foar master opslein hat. Skoalmasters miene dat se dit wol dogge en ek dêrom jout it Frysk belies. Salang’t de befolking skoalmasters (en politisy) net twingt ta in dúdlike kar foar it Frysk sille se net om lyk wolle. De befolking sil harsels foar de dúdlike kar sette moatte: Frysk, en dan ek goed en konsekwint of gjin Frysk. Yn it lêste gefal wurdt de taal wat flugger wei as dat it mei in soad moaie wurden likegoed weiwurdt. Op twa hynsders wedzje beswakket de posysje fan it Frysk. Dat hat de ôfrûne 25-30 jier wol bliken dien, hoewol’t guodden dat lang lyn ek al wisten. De polityk, de provinsje mei moediger lju as no, sil de befolking meikoarten op dy kar tariede moatte. Dat sille de saneamde taalbewegers fan optheden om gesichts-, baan- en freonebehâld net wolle en dêrom sil in PVV-eftige taalbeweging ûntstean moatte om de bewegers yn it fetsoenlike fuort te jeien. Fuort mei de mastodonten. Sa’n beweging moat net in politike partij wêze, want dan wurdt it neat. Sjoch de lege wurden fan de FNP. Om dy reden bin ik tsien jier lyn lid-ôf wurden.
@Jelle,
Einliks sizze jo dat salang’t wy (de fryske befolking) as identiteit Nederlanners binne dy’t Frysk prate, de Fryske taal altyd op it twadde plak komt, begryp ik dat goed?
@Kees Veenstra
Der is mar ien manier om’t Frysk te bewarjen en dat is troch it te brûken. Dat is eat wat wy sels dwaan moatte.
Allinnich troch dat konsekwint te dwaan (yn Fryslân), it op dy manier sels ôftwinge, kin it Frysk noch in skoftsje mei. In koppigens dy’t yn bygelyks Katalonië hiel gewoan is mar foar in soad Friezen faaks net.
Sok gedrach wurdt meastentiids fral as ûnbeskoftich sjoen. Ienheid ûnder de Friezen sels op dit mêd soe de mentaliteit keare kinne. In soksoartige tendins is de lêste jierren wol ynset mar noch net sterk genôch.
@Jelle,en Loffiis
Mei oare wurden: jim hoopje op in Fryske ferrjochtsing nodat de FNP en harren bewegers net genôch kleur/identiteit bekenne?
@Kees Veenstra
Nee. ik bin net foar in Fryske ferrjochtsing.. Yn alle gefallen net yn de sin dat minsken yn Fryslân ta it Frysk twongen wurde. Likemin as dat Friezen ta it Hollânsk twongen wurde moatte.
Mar wat ik no faak sjoch is dat it Frysk noch hieltiten yn it ferdomhoekje stiet. Yn it iepenbiere libben is it hjir faak in bytsje hifkje oft it wol yn ‘t Frysk kin en it wurdt sels as fatsoenlik sjoen om minsken foarearst yn it Hollânsk oan te sprekken. Dat soe ik graach oars sjen. It soe in wizânsje wêze moatte en begjin altiten yn ‘t Frysk. As dan bliken docht dat ien it wier net ferstean kin, dan fansels oanpasse. Ik bin net fan doel en lit in ferdwaalde Grinslanner of Drint oan ‘e kant fan ‘e dyk stean om’t hja it Frysk net machtich binne 🙂 Sa fier moat it mar net gean.
In soksoartige ferfrysking freget om in mentaliteitsferoaring. Net om’t wy dêrta twongen wurde, mar omdat wy dat sels sa wolle. En mekoarren der sels yn stypje. Ik bin mei Jelle Breuker iens dat sa’n mentaliteitsferoaring om in garismatyske oantriuwer freget. Ien dy’t it Frysk wer ta de gewoanste saak fan ‘e wrâld makket en dy’t de skrutenens dy’t wy as Friezen dochs noch wolris fiele, wit fuort te reagjen.
Sa’t it no giet is der ommers gjin inkele reden en lear it Frysk. Der is gjin rappere manier om it Frysk in natuerlike dea stjerre te litten. En wy dogge dat sels.
Mei it Frysk lêzen en skriuwen is it dochs itselde. Wat net brûkt wurdt, wurdt wei,,,!
Ik kin it lykfine mei Loffiis en Breuker dat der by de Frysktaligen in mentaliteitsferoaring komme moatte sil. It tij moat troch ússels keard wurde. De situaasje sa’t dy no is, is foar in part troch ússels feroarsake. Wy hoege ús net sa gau te ferbrekken, want it Frysk wurdt troch de measte ynwenners ommers wol ferstien, ast de sifers leauwe meist (mear as 90%). Likegoed dogge wy it al, ús ferbrekke. Dat dy frijheid troch de measten net ‘nommen’ wurdt, hat der ek mei te krijen, dat se fan harsels gjin hege rekken hawwe op it stik fan ‘goed Frysk’, meidat it by de measten fan ús al safier kommen is, dat wy fertrouder binne mei ‘goed Nederlânsk’ as mei ‘geef Frysk’. Mar der sit ek noch wat oars efter, tink ik. Frysk wie altyd de taal fan de yntimiteit. De wrâld is net mear sa yntym. Frjemde minsken wolle wy leafst op in ôfstân hâlde en dêrom prate wy it ôfstanliker Nederlânsk, ek tsjin ûnbekende Friezen. Soe dat it ek wêze kinne? It is sa slim wurden, dat sels yn ‘e hûs ús taal ferdreaun is troch deselde kâlde mentaliteit. Ik kin der mei myn ferstân net by hoe’t safolle heiten en memmen alle dagen weroan vadertje-en-moedertje boartsje tsjin de eigen bern. Dat se dat toanielstikje folhâlde kinne. Binne Friezen sa? Pleasers en loosers tagelyk?
1. De Fryske identiteit is hiel sterk en libbet as in hert.
2. Der is gjin folk op ierde dat safolle problemen hat mei ienheid as de Friezen. Friezen rinne net efter ien lieder oan. Friezen binne echte yndividuen.
Punt ien en twa binne beide in gegeven. Der sil wol ien front komme moatte nei bûten ta. Sjoch, by de Katalanen kin soks wol. It Fryske folk soe him nei bûten ta wat mear as in ienheid oppenearje moatte.
Soks freget om nije organisatoaryske ferbannen. Nije bewegingen dy’t har woartels net yn it ferline hawwe, mar bewegingen mei doelstellings foar de Fryske takomst. Hoe soe sa’n nij organisatoarysk ferbân derút sjen moatte?
Dat wy as Friezen altyd sa benaud binne om foar ús sels op te kommen kin ek lizze yn it feit dat oarstaligen sûnt 1500 hjir de baas wienen. En de baas moast men nei de mûle prate.
En dat wurdt dan in gewoante, in stikje syklik folksaard. It sit by de measten hiel djip tink ik.
Hawar, nije tiden nije kânsen.
As it Frysk in stik sichtberder is, krije de Friezen hopelik it idee dat Frysk net min is. Hja sjogge it no nearne, der is (hast) gjin Frysktalige ynfrastruktuer. Dêrom binne hja fan betinken dat it Frysk minder is as it Nederlânsk, dêr wurde se mei deaslein.
Lêstendeis wie ik op in famyljereüny, ik skat dat sa’n 90 prosint dêrfan Frysktalich wie of op syn minst folgje koe. Dochs waarden de taspraken yn it Nederlânsk dien. Ik hearde: “Ik hie it graach yn myn memmetaal dien, mar om’t net eltsenien dat ferstiet doch ik it yn it Nederlânsk” wêrnei’t in oantroude anty-Fryske Nederlânske omke fan my blierke en der lûd mei ynstimde.
Op dizze selde reüny kaam ik oan ‘e praat mei in efternicht, dy’t fansels mei in Hollanner troud is. De Hollanner is in skipper en om ‘e 6 wiken thús. Dat, hja bringt de bern frijwat allinnich op. Ik frege har oft hja dat yn it Frysk die. “No, ik besykje it al, mar meastentiids slagget it my net, it is dochs ferfelend as ek syn heit-en-mem my net folgje kinne as ik Frysk praat mei de bern”. Myn reaksje derop wie dat it sa altiten giet en it Frysk sa yn ‘e ferdrukking komt. Se fûn dat ik gelyk hie, mar ik twivelje deroan oft se der ek wat mei docht.
En sa giet it altiten, de Fryske bern leare net dat hja de wrâld út in Frysk perspektyf wei sjen moatte om it Frysk yn stân te hâlden en Frysk te hâlden. Hja wurde ‘yndoktrinearre’ troch it ferskaat oan Nederlânsktalige media ensfh. en leare al gau dat it Nederlânsk foar master op slacht.
De iennige oplossing dy’t der wêze kin, is bepaalde sektoaren yn Fryslân folslein Frysktalich te meitsjen en alle rest twatalich. 6 oeren Frysk prate op skoalle wyks? Nee, 50-75% fan ‘e tiid Frysk!
OK. Ik bin it allegear mei jim iens. Allegear ferskillende minsken mei allegear ferskillende winsken. Wy kinne net elkenien yn ‘e mjitte komme, mar wy kinne foar it kollektyf wol wat goeds dwaan. Ik woe noch wol in tredde punt taheakje oan myn eardere punten.
1. De Fryske identiteit is hiel sterk en libbet as in hert.
2. Der is gjin folk op ierde dat safolle problemen hat mei ienheid as de Friezen. Friezen rinne net efter ien lieder oan. Friezen binne echte yndividuen.
3. It grutste part fan de Friezen wol it bêste foar Fryslân en it Frysk. Sa likernôch 70% fan de Friezen wol wol mear foech foar Fryslân hawwe.
Wy Friezen wolle wol, wy binne der grutsk op, mar wy wolle it net mei-elkoar?! Of sjoch ik it ferkeard?
@Erwin:
Mear foech soe dan hast wol betsjutte moatte dat Fryslân in apart lânsdiel wurde moat yn it Keninkryk, sokssawat as Arûba, Kurasau en Sint-Marten no binne. Mear autonomy, in eigen regear ensfh. Mar de Friezen binne fierstenste skruten foar feroaring. In status aparte soe in hiele omswaai wêze, in protte wolle dat net en wolle by Nederlân hearre en dat sa hâlde.
70% wol mear foech? Ik tink dat dit sifer net bot doocht. Soenen bygelyks de Nederlânsktaligen wol mear Frysk wolle en hoe Frysk fiele hja harren eins? Te betinken dat noch mar 55% Fryskprater is, en dit sifer giet yn rap tempo nei ûnderen ta, sil it draachflak hyltyd minder wurde foar mear foech. Dat, as je de Nederlânktaligen útslute, wat in positive hâlding tsjinoer mear foech oanbelanget, en doch dêr ek noch mar ris 50% fan ‘e skruten Frysktaligen by, dan soenen je op noch mar sa’n 20-25% útkomme dat mear foech foar Fryslân stipet.
Faaks is it dochs in idee en sammelje in X tal hantekenings en twing in referindum ôf. Mar ja, wat dogge je dan mei de Friezen-om-utens, hja binne eins frysk-ôf om’t hja net mear yn Fryslân wenje… Hja kinne dus ek net yn in referindum stimme…
Ik tink dat it punt ”mear foech” en ”taal” trochinoar helle wurde. Sjoch it los fan elkoar. As Fryslân autonoom is, dan sil dat foar de taal ek goed wêze.
ik tink dat dy punten mear mei-inoar te krijen hawwe as je tinke. De hâlding fan De Haach foar it Frysk oer, is tige negatyf. It hat dan benammen ek te krijen mei de posysje fan it Frysk, wat De Haach neat skele kin hoe’t it dêrmei stiet. Bygelyks yn it ûnderwiis. De trijetalige skoalle is yn opkomst, mar mei allinnich Frysk yn ‘e legere skoalle komme wy der net..
Ja OK. Do hast it probleem wol aardich beskreaun. Miskien kinsto ek wat skriuwe oer in mooglike oplossing? Wat soe der oars moatte? Hoe wolst de Fryske mienskip yn ‘e mjitte komme?
ja, wat soe der oars moatte as sa’t it der hjoed-de-dei hinne leit, in dreech fraachstik. My liket dat oan de frijwilligens in ein komme moat, ‘it Frysk hoecht net’ soe eins net mear meie moatte. Dit soe betsjutte dat der in stikje ferplichting komme moat, want wy hawwe sa njonkelytsen wol yn ‘e gaten dat mei de frijwilligens it Frysk der net komt. It Frysk hat ferlet fan nijpraters en dat moatte net allinnich bern wêze fan Frysktalige heiten-en-memmen.
@to allegear, spitich dat gjinien op ûndersteande stelling yngiet, want dêr leit neffens my it probleem.
Einliks is it sa dat salang’t de fryske befolking as formele identiteit Nederlanners binne dy’t Frysk prate, de Fryske taal yn formele rûnten altyd op it twadde plak komt!
Frysk yn in taalwet ferplichtsje en stienhurd oplizze. Wurket net? No yn Quebec en yn Kataloanië wol. Ien wet dy’t ferplichtet om de Fryske taal fêst te lizzen. Restaurants moatte menukaarten yn it Frysk hawwe. Wolle se it dêrneist ek noch yn in oare taal dwaan, dan is dat in eigen karmooglikheid.
De pest is dat Fryslân totaal gjin politike ynfloed hat. Sa’n taalwet kin yn De Haach makke wurde, mar dat sil net dien wurde en soks is begryplik en logysk. Fryslân moat autonoom wurde, oars gjin taalwet.
Is soks yn it ferline noch net troch de Ried fan de Fryske Beweging besocht?