De brief makket wat los
Resint ferskynd
Earst in filmke by de omrop, mar ek de Telegraaf jout der omtinken oan. Sjoch it artikel hjirûnder.
https://www.itnijs.frl/2010/08/rfdfb-skriuwt-brief-nei-opstelten/
https://www.itnijs.frl/2010/08/brief-nei-opstelten-ferfolch/
Dit kaam ik passend tsjin yn de LC op ynternet.
Fetsje jim net…
Troch Pieter de Groot
Hjoed is it de hûndertste bertedei fan de dichter Garmant Nico Visser, in skoalmasterssoan út Jiskenhuzen, dy’t nei’t syn heit nei Amsterdam slagge, al jong om utens rekke, dêr’t er fierder it grutste part fan syn lange libben ferkeard hat. Hy is yn 2001 ferstoarn, 91 jier âld. Ut en troch slaan ik syn ‘Samle fersen’ op, om my te fernuverjen,
te skodholjen mar ek te genietsjen. Visser wie in frysknasjonalist, in Jongfries dy’t gâns fan Fryslân ferwachte, mar de Friezen ek de hûd folskold, om’t se de ferwachtingen net wiermakken.
As men de myte út de Fryske beweging weihellet, bliuwt der neat fan oer, en der is ek net folle fan oer, sei er fjirtich jier ferlyn al yn in fraachpetear mei dizze krante.
Unwillekeurich kaam my Visser wer yn ’t sin, doe’t ik lies dat de Ried fan de Fryske Beweging in skriftlik fersyk oan ynformateur Opstelten stjoerd hat om by it opstellen fan it regearakkoart de provinsje Fryslân yn wêzen te litten. Dat brief wurdt wei op de grutte steapel fan de 347 brieven dy’t oant juster al by him besoarge binne, en dêr’t de kommende wiken noch wol in pear hûndert bykomme. Mar ja, Friezen binne fatsoenlike boargers. ‘Moat ’k har beskriuwe’, dichte Visser, ‘en earlik wêze en krekt / dan kom ik altyd wer op slaafsk, abjekt…’
Ut syn wenplak Bussum wei bestookte hy yn syn liifblêd Lyts Frisia de Friezen geregeld mei striidfersen, dy’t altyd wakker synysk einigen. No’t it lân in raar gat yn liket te draaien – mei help ek fan Friezen dy’t oars allinne foar God knibbelje, sokken as Joop Atsma, dy’t ek altyd pal foar Fryslân seit te stean – kin it gjin kwea en rop Visser op syn hûndertste bertedei foar ien kear ta libben:
‘Fetsje jim net, dat wy itselde wat de / Arubanen wolle krije moatte? / Jim grom’lje;
desintralisaasje, ik, / rop: autonomy, status aparte. / Mar hja bin’ dôf, hja reagearje
net, / helte serviler wis yn har djipst hert / as ea de Arubanen, brune, swarte, / En wat
bin’ fan ferstân foarby se parte. // ‘Parte earst goed, man, fan ferstân foarby / bistû,
dy’t mei dyn dwaze harsenspinsels /wrikst oan ús âldbeprôve grûnbegjinsels / en op
’e sprake ús bringst, fij, skamje dy!’ // Goed, goed, ik hâld my stil, mar, mei permisje, /
jim krije my net sa yn touwen dat / ik net op jimme lyts gebroddel pisje… /Mar goed,
ik swij al wer, mij it debat.’
@Veenstra, wat hat dit mei it brief oan Opstelten te krijen?
Ik snap wat jo bedoele mei dit berjocht. Tige tank hear Veenstra.