Bûnte jûn yn Appelskea

augustus 8, 2010 10:27

12 augustus : Fytsfjouwerdagefeest Appelskea yn it iepenloftteater

Yn gearwurking mei de Historische Vereniging Appelscha  e.o. bringt  de Stichting Fietsvierdaagse op tongersdei 12 augustus in gesellige jûn yn it iepenloftteater. As earsten komme ‘de Stoppeldansers’ op.  Dizze groep út Barger-Compascuum is oprjochte y.f.m. it 100-jierrich bestean fan harren doarp yn 1966. Op entûsjaste wize wurde ûnderskate folkloristyske dûnsen útfierd. De dûnsers binne klaaid yn Drintske kostúms.

Dêrnei komt de groep ‘‘kWait nait’ foar it fuotljocht. It is in fiifmansformaasje ûnder lieding fan Geert Warta, dy’t ien en oar ek muzikaal begeliedt. Der sil in grut ferskaat oan lieten songen wurde. Dat sil fariearje fan Ede Staal oant Marco Borsato.

As lêste komt de sjongeres Monique de Bruin op de planken. Monique is fan oarsprong in Rotterdamske beropssjongeres. Hja bringt âlderwetske gesellichheid en lietsjes út de âlde doaze. Hja hat in dyk fan in stimme en in flinke doasis humor en bout graach in feestje. Hja ferskynt op klompen en yn boeredracht. Soms komt se op yn har Braziliaanske “Nederlânske” karnavalskostúm.

De  lieding fan de jûn is yn fertroude hannen, fan  Roeland Harten. Dielnimmers oan de fjouwerdagefytstocht yn Appelskea hawwe reduksje op de tagongspriis.

Lykas oanjûn fynt de jûn plak yn it iepenloftteater yn Appelskea. De jûn begjint om 19.30 oere.

augustus 8, 2010 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.