Brabânske lânbou moat griener

augustus 30, 2010 21:59

De lânbou buorket efterút. Brabânske deputearren ha dêrom hjoed in advys oerlange krigen dat seit dat it roer omsmiten wurde moatte sil.

De Brabânske ûntwikkelingsmaatskippij Agro & Co (mei as oandielhâlders lânbou-organisaasje ZLTO, Rabobanken Brabant en de Provinsje Noard-Brabân) wiist op de kwetsberens fan de ‘agrofoodsector’. It oanpart fan dy sektor is de lêste 10 jier lanlik tebekrûn fan 12% nei 9½% fan it Smoarch Nasjonaal Produkt. Neffens ferwachting sil dat fierder ôfnimme nei 7,6% yn 2020. Derneist wiist Agro & Co op de soargen yn de maatskippij oer de folkssûnens, benammen as gefolch fan de skaalfergrutting yn de greidbuorkerij. Direkteur Jac Warmerdam: “Sykten as Q-koarts en fersprieding fan de MRSA lôgje de ûnrêst op, wat ûnder oaren fan dy gefolgen hân hat dat de bou fan megabûthuzen fan de Brabânske Provinsjale Steaten hoholden is.”

Om’t it ekonomysk belang fan de sektor yn Noard-Brabân, mei 110.000 wurknimmers yn goed 14.000 bedriuwen, tige grut is, is stilsitte gjin opsje, sa stelt Agro & Co yn it fyzjedokumint ‘Brabant AgroFood 2020: Brabant als de innovatieve agrofoodregio van Noordwest-Europa’. Foar it opstellen fan dat dokumint hat de ûntwikkelingsmaatskippij mei 25 bedriuwen en organisaasjes yn petear en ek sels mei ûndersyk teset west. Neffens de optekene fyzje lizze der grutte kânsen yn de tanimmende fraach nei, benammen farske, kwalitatyf heechweardige en sûne produkten dy’t op in duorsume wize produsearre binne. Om ynnovearje te kinnen, moatte alle bedriuwen, kennisynstellings en oerheden dy’t dêr by nedich binne, op ‘en nausten gearwurkje. Ûnder oaren is it de bedoeling dat grutte bedriuwen yn lytsere ynvestearje. Neffens dy fan Agro & Co is it in sterk punt fan Noard-Brabân dat alles en elkenien dy’t nedich is om de lânboutakomst treast te wêzen dêr ek fûn wurde kin; of om it yn harren eigen wurden te sizzen: alle spilers ‘van grond naar mond’ binne oanwêzich.

augustus 30, 2010 21:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.